Hoofdfoto 100 jaar de Ploeg

Avant-garde in Groningen. De Ploeg 1918-1928.

Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Museumeiland 1
9711 ME Groningen
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Accessibility

General accessibility Rolstoel online te bespreken For blind or partially sighted Begeleider met ov-begeleiderskaart gratis For wheelchair users or poorly injured visitors Krukjes aanwezig For deaf or hearing impaired persons Ringleiding For visitors with an assistant dog

De Ploeg - 100 jier avant-garde yn Grins

In iuw âld en noch altyd sa libben as in hart. Yn 2018 is it hûndert jier lyn dat in groep jonge Grinzer keunstners Kunstkring De Ploeg oprjochte. Om dat te fieren binne se ûnderdiel fan it haadprogramma fan Kulturele Haadstêd fan Europa mei in tentoanstelling, muzykfoarstellingen, kuierrûtes en oare aktiviteiten.

De Ploeg
Oan it begjin fan de 20ste iuw wurdt der striden yn it Grinzer keunstnerslân. Ald en nij meitsje harren los fan elkoar. De ‘jonge wylden’ waarden se wol neamd. Mei de oprjochting fan De Ploeg woe dizze jonge groep keunstners dúdlik meitsje dat der wat feroarje moast. It keunstlânskip fan Grins moast omploege wurde.

Tentoanstelling
It middelpunt fan 100 …

Lês fierder

It middelpunt fan 100 jaar De Ploeg hat plak yn it Groninger Museum. Hjir is yn 2018 de tentoanstelling ‘Avant-garde. De Ploeg 1918-1928’ te sjen. Skilderijen, tekeningen, printwurk en grafyk fan Ploegleden as Jan Wiegers, Johan Dijkstra en Jan Altink binne dan te sjen.  

Kontrast
Om it kontrast mei wurken fan tiidgenoaten en net-Ploegleden sjen te litten, sille der ek keunstwurken fan ûnder oaren Jozef Israëls en Otto Eerelman tentoansteld wurde. Dêrneist is yn de tentoanstelling wurk te sjen fan Ernst Ludwig Kirchner en Vincent van Gogh; keunstners dy’t grutte ynfloed hienen op de ûntwikkeling fan de Ploegleden.

Sympoasiums, foarstellingen en kuierrûtes
Njonken de tentoanstelling organisearret Stichting 100 jaar De Ploeg ferskate aktiviteiten yn Grins en de provinsje Grinslân. Tink oan sympoasiums, muzykfoarstellingen en kuierrûtes.

Lês minder

Wannear

  • Opening 26 mei

Prizen

  • Fan € 10.00 oant € 13.00 Museumkaart: Gratis Studenten studerend in Groningen: Gratis Kinderen tot en met 18 jaar: Gratis Vrienden van het Groninger Museum: Gratis BankGiro Loterij VIP-card: Gratis Rembrandtpas: Gratis ICOM: Gratis Stadjerspas: Gratis Rolstoelbegeleider: Gratis

Yn 'e buert

Toan risseltaten