Contact

Adres:
Keramiekmuseum Princessehof
Grote Kerkstraat 11
8911DZ Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Accessibility

General accessibility Leenrolstoel For blind or partially sighted Begeleider gratis For wheelchair users or poorly injured visitors For deaf or hearing impaired persons For visitors with an assistant dog

Made in Holland
400 jaar wereldmerk

Nederlânsk keramyk is al iuwenlang oer de hiele wrâld bekend, mar de oarsprong derfan leit selden yn Nederlân. Keramyk út it bûtenlân waard hjir ferwurke ta wat nijs, suksesfol makke en dêrnei wer nei oare lannen eksportearre. De tentoanstelling Made in Holland ûndersiket de ûntwikkeling en fersprieding fan keramyske techniken, stilen en produkten, mei Nederlân as spil.

Ikoanyske stilen
In moai foarbyld is Delfts Blauw. In Nederlânsk ikoan, mar it stiet st…

Lês fierder

Made in Holland
400 jaar wereldmerk

Nederlânsk keramyk is al iuwenlang oer de hiele wrâld bekend, mar de oarsprong derfan leit selden yn Nederlân. Keramyk út it bûtenlân waard hjir ferwurke ta wat nijs, suksesfol makke en dêrnei wer nei oare lannen eksportearre. De tentoanstelling Made in Holland ûndersiket de ûntwikkeling en fersprieding fan keramyske techniken, stilen en produkten, mei Nederlân as spil.

Ikoanyske stilen
In moai foarbyld is Delfts Blauw. In Nederlânsk ikoan, mar it stiet stiif fan de ynternasjonale ynfloeden. Rûn 1600 yntrodusearre de VOC Sineesk keramyk yn Nederlân. Dit blau-wite porslein wie ferskuorrend populêr en hiel kostber. Hollânske keramykfabriken begûnen it te imitearjen yn beskildere ierdewurk, in technyk dy’t wer oerwaaid wie út Italië. In protte fan dizze fabriken wienen yn en om Delft hinne fêstige, dêrfan de namme Delfts Blauw. De kwaliteit fan de imitaasjes wie sa heech dat it folop eksportearre waard nei de rest fan Europa en Azië. Yn dy lannen waard it ierdewurk sa populêr dat produsinten yn Ruslân, Portugal en Japan op harren beurt it Delfts Blauw wer neimeitsjen gienen.

Suksesferhalen
Yn de njoggentjinde iuw slaggen Nederlânske ierdewurkfabrikanten der opnij yn om in yn it bûtenlân ûntwikkele technyk – yn dit gefal it Ingelske creamware – foar eigen sukses te brûken. Oant yn de tweintichste iuw eksportearren dizze yn Maastricht fêstige fabriken harren produkten oer de hiele wrâld. In tredde suksesferhaal is de keramyk yn de art nouveau- en art deco-styl. Beide stilen fûnen har oarsprong yn it bûtenlân, mar waarden al gau troch Nederlânske keunstners en ûntwerpers omearme en ta in eigen fariant ferwurke, tsientallen nije plateelfabriken en fabrykjes produsearren dit ‘fernijingsierdewurk’ en krigen dêrmei ynternasjonale wurdearring.

Eksportprodukt by útstek
Hjoed de dei is Dutch Design in wrâldferneamd eksportprodukt fan ús lân. Dutch Design is in begryp, in hannelsmerk en populêr by it grutte publyk. De ûndersykjende hâlding fan ûntwerpers yn gearwurking mei tradisjonele keramyske bedriuwen blykt in suksesfolle formule, mei foaroprinnende produkten as resultaat.

Lês minder

Wannear

  • elke tiisdei, woansdei, tongersdei, freed, sneon en snein oant 'e mei 30 juny 2019 11.00 - 17.00 oere
  • Opening 2 juni

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Folwoeksenen€ 12.50
  • CJP (Kultureel Jongeren Paspoart)€ 9.50
  • BernFergees Kinderen t/m 17 jaar oud
  • MJK (Museumjierkaart)Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Soart evenemint: Tentoanstelling
  • Fiertaal: Nederlânsk, Ingelsk, Frysk, Dútsk
  • Dissipline: Bioferskaat

Yn 'e buert

Toan risseltaten