Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Kerkbuurt 22
9005 PB Wergea
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Yn de geast fan Sint Maarten dielt de Sint Martinustsjerke har ierdske besittingen mei de jeugdsoas, briedplak foar organisatoarysk en kultureel talint yn Wergea (de jeugdsoas makket gebrûk fan in gebouke njonken de tsjerke).

Mar wat bart der as de tsjerke fusearje moat en dêrby de besteande regelingen en budzjetten oanpast wurde? Wat as de jeugdsoas fuortfalt? Hoefolle ynfloed hat dat op de folsleine doarpsmienskip?

Dit tema wurdt yn in teaterspektakel útwurke. In ferhaal wêryn’t alle kulturele ferieningen fan Wergea in rol hawwe, in produksje mei mear as 100 meiwurkers, spile op trije bysûndere lokaasjes: de roomsk-katolike tsjerke, de doperske tsjerke en de eardere herfoarme tsjerke.

De foar- en tsjinstanners fan sl…

Lês fierder

De foar- en tsjinstanners fan slúting drage wiidweidich of minder lûdroftich harren arguminten oan. Hat it doarp sûnder jeugdsoas takomst? Of strûpt Wergea (as symboal fan in gemiddeld Frysk doarp) tegearre mei de jeugdsoas derûnder?

Spyldatums

  • Snein 11 novimber 2018 (premjêre)
  • Woansdei 14 novimber 2018
  • Freed 16 novimber 2018
  • Sneon 17 novimber 2018 (útferkocht)
  • Freed 23 novimber 2018
  • Sneon 24 novimber 2018

Lokaasje: St. Martinustsjerke, Wergea
Ynrin: 19.30 oere
Begjin foarstelling: 20.00 oere
Kaarten: www.denoordersmederij.nl/kaartferkeap/

Mei meiwurking fan: Jeugdsoas SZDRNZLL | De Sint Martinustsjerke | De Frissel | De Bidler | Koar Ynspiraasje | Popkoar Wergea | RK koar St. Cecilia | Muzykferiening De Kriich | Bigband Two Towers Collective | Boppeseal Movies | Kulturele Kommisje Wergea | Halbertsma toaniel | Jongerein toaniel | Iepenloftspul Wergea | Merkekommisje | OBS de Twamêster | Buertferiening ʻTusken Twa Tuorrenʼ

Tekst: Froukje van Houten | Rezjy: Theo Smedes | Muzikaal lieder: Gerrit Hager

Mear ynformaasje: www.denoordersmederij.nl

Lês minder

Prizen

  • € 17.50

Yn 'e buert

Toan risseltaten