Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
WTC EXPO Leeuwarden
Heliconweg 52
8914 AT Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

OstFriese leginde moetet 100 Fryske hynders

Hûnderten glânzgjende Fryske hynders yn de haadrol fan in bûtengewoan teaterstik. It bart yn De Stormruiter, in spetterjende foarstelling oer de oermoedige dykgraaf Hauke Haien en de iuwige striid tsjin it wetter.

It belooft ien fan de grutste kultuerproduksjes fan 2018 te wurden: De Stormruiter, basearre op de njoggentjinde-iuwske novelle ‘Der Schimmelreiter’ fan Theodor Storm. Yn opdracht fan it Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek en Stichting Faderpaard bewurke Jos Thie de Dútske novelle ta in prachtich muzykteaterstik en jout in haadrol oan hûndert Fryske hynders.

Hauke Haien en syn wite hynst
De Stormruiter fertelt it dramatyske ferhaal…

Lês fierder

De Stormruiter fertelt it dramatyske ferhaal fan de ambisjeuze en eigensinnige Hauke Haien. In dykgraaf dy’t mar ien doel foar eagen hat: in dyk bouwe dy’t de iuwen stiet. Op in wite hynst raast er oer de diken om de dykwurkers op te jeien. Oant de dyk brekt tidens in grutte wetterfloed en Hauke mei syn wite hynst ferswolgen wurdt troch de see.

Leginde komt nei Fryslân
Oant op de dei fan hjoed sjogge minsken de skimen fan de dykgraaf en syn hynder op it Waad. Jos Thie, dy’t earder produksjes as ABE! en Peer Gynt skreau, bringt de leginde nei Fryslân en nimt ús mei nei it jier 1650.

Foarstellingen
Mis it net: De Stormruiter is allinne yn 2018 te sjen. Fan septimber ôf fine de foarstellingen plak yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Lês minder

Wannear

  • Première: 8 september Try-outs: 6 en 7 september 16 september alleen toegankelijk voor KFPS-leden

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fan € 42.00 oant € 84.50 Priis is ynklusyf €2,00 servicekosten. Arranzjeminten binne mooglik
  • Let op: wil je een voucher gebruiken? Mail dan naar tickets@friesland.nl!

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Soart evenemint: Evenemint
  • Dissipline: Multydissiplinêr, Konseptueel, Hafabra muzyk, Muzykteater
  • Fiertaal: Nederlânsk, Frysk, Ingelsk, Dútsk

Yn 'e buert

Toan risseltaten