Hoofdfoto TTv Beetsterzwaag

Tweede Triënnale van Beetsterzwaag

Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Hoofdstraat 70
9244 CP Beetsterzwaag
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

De Tweede Triënnale van Beetsterzwaag (De Twadde Triënnale fan Beetstersweach)

Beetstersweach is yn 'e ban fan keunst. Nei in suksesfolle earste edysje yn 2015 fynt yn 2018 de Tweede Triënnale van Beetsterzwaag plak. Yn septimber is it doarp en har omjouwing fjouwer dagen lang it dekôr foar ûnderskate tentoanstellingen en eveneminten.

Foar greiden, bosken en wetters dy't fan gjinien wienen, waard yn de midsiuwen it begryp almende brûkt. Mei almende waard elkeniens mienskiplike oandiel yn dy gebieten oantsjut. De triënnale bringt it begryp werom. Kunsthuis SYB, organisator fan de keunstmanifestaasje, nûge kuratoaren Julia Geerlings en Niekolaas Johannes Lekkerkerk út as gastorganisatoaren. 

Almende en mienskip
Geerlings en Lekkerkerk seagen de…

Lês fierder

Geerlings en Lekkerkerk seagen de ferbining tusken almende en mienskip, it haadtema fan Ljouwert-Fryslân 2018. Se stelle almende sintraal yn de triënnale om ús bewust te meitsjen fan de ferantwurdlikheden en belangen dy't we diele as gebrûkers fan it lânskip en de iepenbiere romte.

Superieure Friezen
It twadde tema fan de triënnale yn 2018 is Oera Linda, in ûnderúthelle myte út 1256. Yn de myte wurdt it Fryske folk beskreaun as neikommelingen fan in fjouwertûzen jier âlde Fryske beskaving, dy't ea hiel Europa befolke en superieur wie oan alle oare folken. Mei de oerstreaming fan Atlantis gie it folk foar it grutste part ten ûnder.

Myte as ynspiraasjeboarne
Mei dizze myte as ynspiraasjeboarne, dage de gastkuratoaren keunstners út om nei te tinken oer it belang fan almende en de (tinkbyldige) takomst wêryn't spekulearre wurdt oer de effekten fan klimaatferoaring en de stigende seespegel.

Lês minder

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Keunstefestival
  • Soart evenemint: Tentoanstelling
  • Fiertaal: Nederlânsk

Yn 'e buert

Toan risseltaten