Visual Poetry in Tresoar 1

Visual Poetry in Tresoar

Visual Poetry is in fergees te besykjen poëzy-eksposysje yn de stúdzjeseal fan Tresoar. Untdek de skientme fan it grinsgebiet tusken taal en byld. Hichtepunt binne fjouwer reuseftige ‘poëzymasines’: beweegjende dichtynstallaasjes mei nij wurk fan fjouwer Fryske dichters.

It projekt Visual Poetry fan Tresoar is ûnderdiel fan Lân fan taal. Utgongspunt is it eksperimintele literêre tydskrift Quatrebras, ûnderdiel fan de kolleksje fan Tresoar. It tydskrift waard yn de jierren 1950 en 1960 útjûn troch in groep Fryske studinten yn Amsterdam, dy’t mei harren wurk en publikaasjes de kulturele konvinsjes fan Fryslân bestookten. Troch de eksploazje fan kreativiteit, de keunstsinnige crossovers en de wille fan it eksperimint sjocht Quatrebras der noch altyd bûtengewoan fris út.

Quatrebras kaam doedes…

Lês fierder

Quatrebras kaam doedestiids net samar út ‘e loft fallen, it tydskrift paste perfekt yn  it artystike klimaat fan dy tiid. De dichterlike eksperiminten mei it byld fan de taal en de taal fan it byld hienen in lange, ynternasjonale foarskiednis. Opmerklik is dat dizze tendins om te eksperimintearjen, de bebane paden te ferlitten en bûten de lyntsjes te springen, nei Quatrebras ynternasjonaal gewoan trochrûn, mar yn Fryslân fan it toaniel ferdwûn.

Om dy reden bestiet it Visual Poetry-projekt út trije parten. It orizjinele tydskrift Quatrebras is yn blow-up te sjen. In moannelanner-eftich, dûbeldsidich LED-skerm lit de ynternasjonale en Fryske kontekst fan de fisueel-poëtyske eksperiminten sjen. As lêste litte fjouwer poëzymasines nij wurk fan fjouwer Fryske dichters (Eeltsje Hettinga, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf, Sytse Jansma) sjen dy’t it spannende grinsgebiet fan taal en byld op’en nij ferkenne.

Lês minder

Wannear

  • elke moandei, tiisdei, woansdei, tongersdei en freed oant 'e mei 31 desimber 2018 10.00 - 22.00 oere
  • elke sneon oant 'e mei 31 desimber 2018 10.00 - 21.00 oere
  • elke snein oant 'e mei 31 desimber 2018 10.00 - 18.00 oere

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Soart evenemint: Tentoanstelling
  • Dissipline: Ferhaalfertelle, Kennis
  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem

Yn 'e buert

Toan risseltaten