Hoofdbeeld wereldburgers van de voorstreek

Wereldburgers van de Voorstreek

Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Voorstreek 39-47 (voormalige Bever winkel)
8911JS Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Wereldburgers van de Voorstreek
in wrâld oan aksinten yn ien strjitte 

Wat fertelle de ûndernimmers fan de Foarstreek oer it Ljouwert fan 2018? Ira Judkovskaja (teatermakker en artistyk direkteur by Tryater) en Kirsten van Santen (kultureel antropolooch en sjoernalist by de Leeuwarder Courant) dienen har boadskippen by in Koerdyske supermerk. Lieten har hier ynflechtsje by in Afrikaanske salon. Ieten koekjes yn in Russyske supermerk. Stelden fragen. Krigen úteinlik de échte ferhalen te hearren achter de toanbanken oan de Ljouwerter Foarstreek wei. Ynspirearre troch de bewenners en har ferhalen makke Tryater de foarstelling Wereldburgers van de Voorstreek.

Dizze muzikale foarstelling  giet oer de wrâ…

Lês fierder

Wereldburgers van de Voorstreek
in wrâld oan aksinten yn ien strjitte 

Wat fertelle de ûndernimmers fan de Foarstreek oer it Ljouwert fan 2018? Ira Judkovskaja (teatermakker en artistyk direkteur by Tryater) en Kirsten van Santen (kultureel antropolooch en sjoernalist by de Leeuwarder Courant) dienen har boadskippen by in Koerdyske supermerk. Lieten har hier ynflechtsje by in Afrikaanske salon. Ieten koekjes yn in Russyske supermerk. Stelden fragen. Krigen úteinlik de échte ferhalen te hearren achter de toanbanken oan de Ljouwerter Foarstreek wei. Ynspirearre troch de bewenners en har ferhalen makke Tryater de foarstelling Wereldburgers van de Voorstreek.

Dizze muzikale foarstelling  giet oer de wrâld fan no, oer it Europa fan no, oer it Ljouwert fan no. It is de taal fan dizze strjitte, it binne de ferhalen fan de winkellju út dizze strjitte dy’t it byld bepale: it is in nije wrâld foar in soad stedsgenoaten. Wereldburgers van de Voorstreek iepenet de doar nei dizze nije wrâld yn ús stêd.

De foarstelling
Raymond, hikke en tein yn Ljouwert, rint nei in jûntsje stappen oer de Foarstreek. De Foarstreek, in strjitte dy’t elkenien ken: mei in snackbar en in pizzeria dêr’tst soms in hap hellest, en mei fage winkels dêr’tst noait komst. It is let, de skimer en de alkoholroes nimme it oer en Raymond komt yn situaasjes telâne dy’t net fan him binne. Ynienen is hy de klant dy’t in pyama foar syn ferstoarne heit keapet en even letter praat er mei in nuchtere winkelman dy’t yn reynkarnaasje leaut. Raymond makket in trip en krijt sa tagong ta it wiere gesicht fan de Foarstreek. It is in werklikheid fan dreamen, hoopje, mystearjes, ûnferjitlike oneliners en absurde situaasjes. 

De situaasjes yn Wereldburgers van de Voorstreek binne net betocht. Der wurdt spile mei de rykdom oan dialekten en aksinten fan de strjitte. En wêr’t wurden tekoart sjitte, nimt muzyk it oer.

Stap yn dizze magysk-realistyske reis en ûntdek mei ús de wrâld om ús hinne.

Transmediale gearwurking 
Ira en Kirsten realisearren har dat de wrâld him iepenbieret rjocht ûnder ús noas. De wrâld yn in strjitte. In strjitte fol ferhalen, in wrâld oan ferhalen. Benijd gienen sy mei dizze ferhalen oan de slach. Elk út syn eigen profesje wei. It hat resultearre yn in transmediaal projekt: Tryater makket in foarstelling, de Leeuwarder Courant bondelet de ferhalen fan de bewenners en de beskôgingen op de Foarstreek yn in LC-bylage, dy’t útkomt op 21 april. Filmkes en podcasts binne fan dan ôf te besjen op www.wereldburgersvandevoorstreek.nl.

28 april o/m 26 maaie op de Voorstreek 39-47 (eardere winkel fan Bever) yn Ljouwert.

Start fan de foarstelling: Oranje Bierhuis, Auckamastraatje 2, 20.00 oere.

Stretch dyn eigen byld fan de maatskippij en bestel kaarten op: www.tryater.nl of op www.2018.nl/wereldburgers

Projekt-konsept Ira Judkovskaja en Kirsten van Santen; regy en konsept Ira Judkovskaja; ko-regy Aukje Schaafsma; muzyk Beppe Costa; spul Nynke Heeg, Beppe Costa, Raymond Muller en Tamara Schoppert; kostúms Linda Eijssen

Lês minder

Wannear

  • Voor 22 mei 2018 is er een extra voorstelling in de verkoop gegaan via: https://tryater.nl/

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • € 18.00 Op vertoon van CJP-pas: €11,-

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Ferhaalfertelle, Multymedia, Muzykteater, Teater
  • Soart evenemint: Evenemint
  • Fiertaal: Nederlânsk

Yn 'e buert

Toan risseltaten