Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Natuurmuseum Fryslân
Schoenmakersperk 2
8911EM Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Poëzij fan Fryslân en Malta

Ljouwert en It Bilt hawwe al in relaasje mei Malta sûnt likernôch 1850. Alle jierren ein septimber hinne wurde de earste poatierappels fan It Bilt nei Malta ferskippe. Yn maart komme de nije ierappels itselde paad werom.

Ek binne sawol Malta as Fryslân offisjeel twatalich en hawwe se in grutte skat oan moderne en klassike poëzij. Dit late ta in literêr poëzijprojekt: in útwikseling fan Fryske en Malteeske gedichten dy’t tegearre mei de Fryske poaters en de Malteeske ierappels ferskippe waarden, befêstige oan spesjaal ûntwurpen jutesekken.

Yn 2014 en 2016 wienen der al útwiskeling…

Lês fierder

Yn 2014 en 2016 wienen der al útwiskelingen. Yn 2018 binne der twa útwikselingen: de Fryske dichter Arjan Hut trede yn augustus op ûnder it  Inizjamed Poetry Festival op Malta en op de tentoanstelling Kûnstsinnige Eerpels, fan heal oktober 2018 oant begjin 2019 yn it Natuurmuseum Fryslân te sjen, hingje op grutte doeken in oantal fan de gedichten.

Op 4 jannewaris 2019 sil der in gedichtemiddei organisearre wurde yn it Atrium. Fan de basisskoalleleeftyd ôf sille (ynternasjonale) dichters eigen wurk foardrage. Der binne twa Malteeske dichters te gast. Fan it projekt is der ek in meartalige literêre útjefte makke, dy’t te keap en te bestellen is by ûnder oaren de Afûk (www.afuk.nl) yn Ljouwert.

Lês minder

Wannear

  • Eerste avond is op 13 november Tweede debatavond is op 14 december

Prizen

  • Fan € 6.00 oant € 30.00 Gratis: Peuters 0-3 jaar, Vrienden Fries Museum, Museumkaart/Bank Giro Loterij VIP-kaart, Leden Fries Genootschap, Vereniging Rembrandt, Veteranenpas, ICOM, Onderwijsgroepen, kosten begeleiding en educatief materiaal 4,- per leerling, Begeleiders van rolstoelgebruikers

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Soart evenemint: Tentoanstelling
  • Dissipline: Iten, Natuer
  • Fiertaal: Nederlânsk

Yn 'e buert

Toan risseltaten