Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Oldehoofsterkerkhof 1
8911 Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Accessibility

General accessibility Dit buitenproject is goed te bezoeken For blind or partially sighted Het gaat om een lichtprojectie, daarom wellicht minder geschikt For wheelchair users or poorly injured visitors Zitmogelijkheid op de tribune van OBE For deaf or hearing impaired persons Geen speciale voorzieningen, maar van alles te zien. For visitors with an assistant dog
Mear ynformaasje

Mear ynformaasje

Libbensgrutte projeksjes Âldehou

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn foar fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

Fan it iepeningswykein fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa ôf is yn 2018 alle 3 moannen in oar grut fideokeunstwurk te sjen, dat op de Âldehou projektearre wurdt. Elke projeksje wurdt troch in trio makke, mei dêrby yn alle gefallen in taalkeunstner (lykas in dichter, rapper, skriuwer of spoken word performer) en in filmer/fideokeunstner.

Keunstners dy’t yn alle gefallen meidogge, binne:
- dichter Tsead Bruinja, sjonger Herman van Veen en fideokeunstner Jules van Hulst yn it wykein fan 2 febrewaris
-…

Lês fierder

- filmmakker/muzykant René Duursma, skriuwer/dichter Rodaan Al Galidi en animator Antonia Rehnen yn it wykein fan 13 april
- sjongeres/dichter Nynke Laverman, komponist/slachwurker Sytze Pruiksma en fideokeunstner Douwe Dijkstra yn it wykein fan 27 july

Genietsje (mei in soad oaren) fan taal yn oerweldigjende, ferrassende foarmen en lûden. De projeksjes binne foar elkenien frij tagonklik!

Op de folgjende datums kin de projeksje net fertoand wurde fanwegen oare festiviteiten of feestdagen: 26, 27 en 28 april / 4, 5, 6, 10, 11, 12 en 13 maaie / 20 en 21 july / 9, 10, 11 en 12 augustus / 6 septimber.

Lês minder

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Beoardielings

Lês de ûnderfinings fan besikers

Besjoch de beoardielings fan besikers dy't al earder op dizze lokaasje west binne.

Besjoch alle beoardielings

Yn 'e buert

Toan risseltaten