Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Heer Ivostraatje 1
8911 DP Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

It projekt Citybooks portrettearret stêden oan de hân fan koarte ferhalen en searjes fan 24 foto’s of bylden. Fjouwer skriuwers (ynternasjonaal en lokaal) en twa byldmakkers ferbliuwe dêrfoar in skofke yn nijsgjirrige, net foar de hân lizzende stêden. Fan Oostende oant Grahamstown, Fan Lissabon oant Jakarta. It Flaamsk-Nederlânske Huis de Buren, Ljouwert-Fryslân 2018, Lân fan Taal en Explore the North jouwe ek Ljouwert in eigen citybook. Dit jier ferbleaunen de Irakeeske filmmakker en skriuwer Hassan Blasim, de Flaamske skriuwer Erik Vlaminck en de New Yorkse Latasha N. Nevada Diggs yn Ljouwert. Sy dompelen harren ûnder yn de stêd en skreaunen elk in ferhaal. Ek Ljouwerter Arjan Hut skreaun in citybook.

It resultaat fan dizze e…

Lês fierder

It resultaat fan dizze eigensinnige stedsportretten is fan 11 novimber ôf te sjen en te belústerjen yn Obe. Dêr binne de stedsportretten ynklusyf bylden fan Anne Margot Stapert en Chantal Rens te sjen. Hja lieten har ynspirearje troch Ljouwert en makken bysûndere bylden fan de stêd.

Nijsgjirrich nei de erfaringen fan de keunstners sels? Op de festivaltongersdei fan Explore the North, 22 novimber, fertelle de belutsen keunstners út binnen- en bûtenlân oer harren bysûndere belibbenissen yn Fryslân. De skreaune ferhalen wurde op dit stuit oerset yn it Frysk en it Ingelsk en binne letter yn 2018 fergees te belústerjen as audioboek op  www.citybooks.eu. Op dizze webside stean goed hûndert citybooks, dy’t troch reis- en literatuerleafhawwers al mear as 5,5 miljoen kear download binne.

De eksposysje is fegrees tagonklik. Foar de tongersdei fan Explore the North binne kaarten te krijen op www.explore-the-north.nl en www.2018.nl .

Lês minder

Wannear

  • Vanaf 11 november t/m 8 december te zien in OBE. Op de festivaldonderdag van Explore the North (22 november) vertellen de betrokken kunstenaars uit binnen- en buitenland over hun bijzondere belevenissen in Friesland

Prizen

  • Fergees Wel entree voor het festival.

Yn 'e buert

Toan risseltaten