Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Turfmarkt 11
8911KS Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Places of Hope: paadsljochtsje foar in nije takomst  

Wenje yn dyn eigen natuergebiet, of mei de buorlju in wynmûne oanskaffe dy’t it hiele doarp fan stroom foarsjocht. Oeral yn Nederlân binne pioniers dwaande mear yn harmony mei de natuer en elkoar te libjen. De tentoanstelling Places of Hope nimt dy mei nei dy bysûndere plakken.

Places of Hope giet oer lânmakkers, de geuzetitel foar bysûndere minsken dy’t de moed, de kreativiteit en it trochsettingsfermogen hawwe ús lân nei in nije takomst te lieden. Dy takomst begjint yn Ljouwert, wêr’t minsken en natuer, stêd en plattelân ûnskiedber mei elkoar ferbûn binne. Tsientallen lânmakkers biede mei harren projekten ynspiraasje foar in duorsume takomst.

It goede libben fan moarn
Places of Ho…

Lês fierder

Places of Hope, in tentoanstelling fan kuratoaren Maarten Hajer en Michiel van Iersel, nimt dy mei nei bysûndere plakken en lit dy yn ‘e kunde komme mei de persoanen dy’t dêr it paad sljochtsje. Tegearre mei keunstners, science fictionfilms, ateliers en workshops giet de besiker op syk nei it goede libben fan moarn.

Utnûgjend
De tentoanstelling fol mei lûd, geur en romte foar ferbylding, lit sjen dat dy takomst net bedriigjend, mar just útnûgjend is. Boppedat moediget Places of Hope besikers oan om har eigen wenwyk en it bûtengebiet fan de takomst foarm te jaan yn in iepen atelier.

Partners
Places of Hope is in inisjatyf fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu en komt ta stân yn gearwurking mei tsientallen partners yn it hiele lân.

Lês minder

Wannear

  • 4 avondprogramma's worden op een nader te bepalen moment bekend.

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Arsjitektuer en design, Multymedia, Wittenskip en technology
  • Soart evenemint: Tentoanstelling
  • Fiertaal: Nederlânsk, Ingelsk

Yn 'e buert

Toan risseltaten