Hoofdbeeld Een Jammerlijck Klaachlied

Een Jammerlijck Klaachlied

Contact

Adres:
Merk 5
8711 CL Workum
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):
({{distance}} {{unit}} fanôf dyn lokaasje)

Accessibility

General accessibility Voldoende ruimte For blind or partially sighted Veel te beleven/horen For wheelchair users or poorly injured visitors For deaf or hearing impaired persons Voldoende te beleven/zien For visitors with an assistant dog

Op in dei yn 1574 kaam skipper Hendrik Spruyt mei syn frou Trijntje Jans oan yn harren thúshaven Warkum. Hja wienen Menisten; folgelingen fan…

Lês fierder

Op in dei yn 1574 kaam skipper Hendrik Spruyt mei syn frou Trijntje Jans oan yn harren thúshaven Warkum. Hja wienen Menisten; folgelingen fan Menno Simons. Caspar de Robles, steedhâlder fan Fryslân yn tsjinst fan de kening fan Spanje, hie it op dizze lytse, ferbeane mienskip foarsjoen. Fanwegen harren kettersk leauwen mar net minder om harren sinten; nedich foar de oanlis fan diken. Spruyt waard op it merkplein letterlik en figuerlik útklaaid, fêstbûn oan in âld skip, dat yn ’e brân stutsen waard en nei see dreaun. Dit ferhaal is it útgongspunt fan In Jammerlijck Klaachlied. In multymediale foarstelling oer godstsjinstfrijheid, rebelly, ûnderdrukking en de ivige striid tsjin it wetter. Filmbylden en muzyk fan it Frysk Fanfare Orkest, jazzkwartet Talking Cows en sjongkoar Sjongsum liede de taskôger lâns plakken en barren fan dy tiid. Freek de Jonge en Jan Arendz beljochtsje it ferhaal fan de Hollânske opstân fan twa kanten.

 

Mei Freek de Jonge en Jan Arendz, skript en film: Frits Boersma, komposysje: Frans Vermeerssen, dirigint: Jouke Hoekstra, rezjy: Marijke Geertsma, m.m.f. Frysk Fanfare Orkest, Talking Cows, koar Sjongsum.

 

Lês minder

Wannear

  • 01-06-2018om 20.45 oere
  • 02-06-2018om 20.45 oere
  • 1 juni is de première van Een Jammerlijck Klaachlied

Sjoch alfêst efkes

Beoardielings

Yn 'e buert

Toan risseltaten