Omstrune yn Spannum, yntuïtyf skilderjen leare, stoer KNRM-praat hearre yn Harns? Lien in Fries en kom thús mei in goed ferhaal!

Op leeneenfries.nl komst yn kontakt mei Friezen dy’t dy in ûnbekend plak sjen litte, dy wat nijs leare of wat bysûnders fertelle.

Persoanlike moetings
Leen een Fries draait om it moetsjen. Persoanlik, lytsskalich en leechdrompelich. Kinst Friezen foar fan alles liene. Fan in rûnlieding troch in histoarysk gebou of in prachtige natuerkuier oant in sportaktiviteit of in hearlik bakje kofje mei in noflik petear. 

Foar eltsenien
Leen een Fries is foar eltsenien. Ofst no op besite bist yn Fryslân en de provinsje kennen leare wolst of hjir wennest en lekker yn ‘e provinsje urban sketche wolst. It is boppedat noch fergees ek! Handich: de lien-Friezen prate faak meardere talen.

Untdek it oanbod
In…

Lês fierder

In Fries liene kin maklik op leeneenfries.nl. Dêr fynst in moaie ‘kolleksje’ fan lien-Friezen en aktiviteiten. In Fries fûn dy’t dy oansprekt? Meitsje fluch in profyl oan en meitsje in ôfspraak!

Wurd sels lien-Fries! 
Ek dyn ferhaal, passy of talint mei oaren diele? Eltsenien kin him oanslute en aktiviteiten oanbiede! Want: wat foar dy gewoan is, is foar oaren faak bysûnder. Bygelyks dyn passy foar in stêd, doarp of gebiet!

Leen een Fries is in inisjatyf fan de Fryske biblioteken. Hja litte dêrmei sjen dat de biblioteek safolle mear is as boeken allinne. De biblioteek bringt minsken en kennis graach byinoar.

Lês minder

Wannear

  • daagliks oant 'e mei 31 desimber 2019

Sjoch alfêst efkes

Yn 'e buert

Toan risseltaten