Dit evenemint is al west

DE OARE is mienskips-belibbingsteater oer it sjen fan ‘de oare’. De erfaring fan it moetsjen fan dy miskien sa oare, frjemde ‘oare’ en syn of har ferhaal stiet sintraal. Tolve hiel ferskillende ynwenners fan Ljouwert litte har sjen en hearre. Op in bysûndere lokaasje diele hja harren ferhaal mei de ‘oare’.

It publyk makket in reis lâns ferskillende moetingen. In reis wêrby’t de ‘oare’ in gesicht krijt. Want it gesicht, de eagen, binne in útnûging ta moetsjen. In soms lestige en ûngemaklike, soms ferrassend moaie, bekende of ûnbekende moeting. Ast mar lâng genôch nei de ‘oare’ sjochst, ferfleane foaroardielen. Ast doarst, teminsten. Ast it doarst om net fuort te sjen en de ‘oare’, de frjemde, te sjen.

Dizze foarstelling…

Lês fierder

Dizze foarstelling beljochtet de fenomenen ‘de bûtensteander’, de ‘frjemde’en de ‘oare’. Dizze bûtensteanders, frjemden en oaren binne oars as ik. Sy binne de ultime ‘oare’. Mar is net elkenien ergens en foar ien de oare? Rekket net elkenien betiid of let yn it libben bekend mei it wêzen fan de bûtensteander of frjemde? Fiele we ús net hieltyd mear ferfrjemde fan elkoar yn dizze wrâld? Wat soe der barre as dy oare it nije fertrekpunt  is om te wrâld te oanskôgjen?

Net ik, mar de oare. Net myn miening, of myn wearde of gewoante, mar DE OARE.

Alle foarstellingen binne ferpleatst nei novimber yn ferbân mei de brân op de lokaasje fan de foarstelling. Mear ynformaasje folget sadree’t dy bekend is.

Lês minder

Wannear

  • Locatie wordt bekend gemaakt op dereis.frl

Prizen

  • € 9.50

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Soart evenemint: Foarstelling
  • Dissipline: Kennis, Belibbing

Yn 'e buert

Toan risseltaten