Contact

Adres:
Kerkhof 1
8742KT Burgwerd
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):
({{distance}} {{unit}} fanôf dyn lokaasje)

Accessibility

General accessibility Het betreft een looptocht door het dorp geheel in het donker. Deels door park (onverhard) en over gras. In het dorpshuis wel voorzieningen aanwezig For blind or partially sighted Voorstelling geheel in het donker, aangewezen op horen, voelen, proeven, ruiken. For wheelchair users or poorly injured visitors Het betreft een looptocht door het dorp geheel in het donker. Deels door park (onverhard) en over gras. In het dorpshuis wel voorzieningen aanwezig For deaf or hearing impaired persons Locatievoorstelling geheel in het donker, alleen blauwe ledlampjes For visitors with an assistant dog Hulphond kan prima mee met de looproute

Sjen yn it Tsjuster: earbetoan oan dichter en wrâldboarger Tsjêbbe Hettinga

 

Ek wa’t lyts is, kin grut tinke. Dy gedachte stiet sintraal yn Sjen yn it Tsjuster, in erfaringsfoarstelling yn it tsjuster fan terpdoarp Burchwert. De foarstelling is basearre op it gedicht ‘Lytse Jonge’ fan de Fryske dichter en wrâldboarger Tsjêbbe Hettinga.

 

“Jonge, lytsje jonge / Rop my / Rop my werom, werom.” It is it refrein út ‘Lyt…

Lês fierder

Sjen yn it Tsjuster: earbetoan oan dichter en wrâldboarger Tsjêbbe Hettinga

 

Ek wa’t lyts is, kin grut tinke. Dy gedachte stiet sintraal yn Sjen yn it Tsjuster, in erfaringsfoarstelling yn it tsjuster fan terpdoarp Burchwert. De foarstelling is basearre op it gedicht ‘Lytse Jonge’ fan de Fryske dichter en wrâldboarger Tsjêbbe Hettinga.

 

“Jonge, lytsje jonge / Rop my / Rop my werom, werom.” It is it refrein út ‘Lytse Jonge’, it gedicht dat Tsjêbbe Hettinga skreaun oer it lân om Burchwert hinne, it doarp wêr’t er yn de jierren ’50 opgroeide. Sûnt april 2017 pronket it gedicht op in kademuorre yn Burchwert: in earbetoan oan de grutte dichter dy’t it doarp fuortbrocht. Dat earbetoan krijt yn 2018 in ferfolch mei de foarstelling ‘Sjen yn it Tsjuster’. It tsjuster spile in grutte rol yn Hettinga’s libben. Yn syn jeugd waarden syn eagen hieltyd minder, as folwoeksen dichter wie er folslein blyn. Syn oantinkens oan it lânskip út syn jeugd, binne liedend yn it wurk fan Tsjêbbe Hettinga.

 

Op elke lokaasje in erfaring

‘Sjen yn it Tsjuster’ is in saneamde erfaringsfoarstelling: op elke lokaasje wachtet it publyk in bysûndere ûnderfining, dy’t in berop docht op de ferbylding en hieltyd oare sintúgen: gehoar, gefoel, smaak en geur. De foarstelling begjint by de tsjerke fan Burchwert. In part fan it gedicht wurdt foardroegen, de tsjerkeklok liedt. Dan giet it publyk yn ferskillende groepen nei bûten. It doarp, dat niiskrekt noch ferljochte wie, is no folslein tsjuster.

 

Tocht lâns bysûndere plakken
Dan begjint it grutte aventoer. In tocht lâns bysûndere plakken yn it doarp dy’t yn it gedicht beskreaun steane, lykas it bertehûs fan de dichter, de ‘Hege Piip’ (in brêge yn it doarp) en de iisbaan. It publyk lústeret nei poëzy fan Fryske dichters, ynspirearre op it wurk fan Tsjêbbe Hettinga, en nei muzyk fan de lokale muzykferiening en it sangkoar. De Burchwerter toanielferiening Nij Libben makket teater, keunst is der fan pleatslike keunstners Peter Hein en Ant van de Burg en de skilderklub fan Burchwerter froulju.

 

Ljocht wer oan

As it ljocht wer oan giet, einiget de foarstelling mei in fotografysk keunstwurk fan Martina Ketelaar. It wurk is basearre op de lêste strofe fan ‘Lytse Jonge’. De foarstelling wurdt makke yn gearwurking mei BUOG, betinkers en útfierders fan ûngewoane gebeurtenissen.

 

Lês minder

Wannear

  • 07-09-2018 21.00 - 23.00 oere
  • 08-09-2018 21.00 - 23.00 oere

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • € 18.50

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Soart evenemint: Evenemint
  • Dissipline: Ferhaalfertelle
  • Fiertaal: Frysk

Beoardielings

Yn 'e buert

Toan risseltaten