Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Merk 11
8711 CL Workum
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Pauperfontein - kritysk tsjinlûd fan en foar de mienskip

‘Kulturele Haadstêd? Mienskip? We sille jim mienskip sjen litte!’, tocht teatergroep De Paupers. Se makken in fontein opboud út piemels, mei yn it hert in iepenbier toilet. Wurdt it toilet brûkt, dan giet de fontein spuitsjen. Echt élkenien kin dus bydrage oan dit keunstwurk.

Pisjen is in universele needsaak. Hoe’st der ek útsjochst, hokker taal ast ek praat…

Lês fierder

Pauperfontein - kritysk tsjinlûd fan en foar de mienskip

‘Kulturele Haadstêd? Mienskip? We sille jim mienskip sjen litte!’, tocht teatergroep De Paupers. Se makken in fontein opboud út piemels, mei yn it hert in iepenbier toilet. Wurdt it toilet brûkt, dan giet de fontein spuitsjen. Echt élkenien kin dus bydrage oan dit keunstwurk.

Pisjen is in universele needsaak. Hoe’st der ek útsjochst, hokker taal ast ek praatst, ofst no in man of in frou bist: we dogge it allegearre. Yn 2018 kinst op in wol hiel bysûnder plak pisje: yn de Pauperfontein, yn ‘e folksmûle ek wol Piemelfontein of Jan Lul Fontein neamd. Fernimstich, ludyk én mei humor lûke de Paupers yn 2018 mei de fontein lâns stêden en doarpen yn hiel Fryslân. En wêr’t de lokaasje it tastiet, útwreide mei it teaterstik ‘Dy lul fan my’.

Crowdfunding

Om de fontein te bekostigjen en sjen te litten dat dizze wier droegen wurdt troch de mienskip, organisearren De Paupers in crowdfundingsaksje. Donateurs waard in personalisearre ‘lid’ op de fontein tasein. It doelbedrach waard al gau helle en yntusken wurdt der hurd wurke oan de piemels dy’t meiinoar de fontein foarmje sille. Oan it ein fan 2017 wurdt bekend makke hokker plakken de reizgjende fontein oandwaan sil.

Lês minder

Wannear

  • 16-06-2018 - Workum - Merk centrum 23-06-2018 - Workum - Merk centrum 30-06-2018 - Workum - Merk centrum 07-07-2018 - Workum - Merk centrum 14-07-2018 - Workum - Merk centrum 21-07-2018 - Workum - Merk centrum 28-07-2018 - It Heidenskip - NFM Fierljepmanifestatie 11-08-2018 - Workum - Merk centrum 18-08-2018 - Workum - Merk centrum 25-08-2018 - Workum - Merk centrum 01-09-2018 - Drachten - Drait Festival 08-09-2018 - Beetsterzwaag - Bourgondisch Festival 09-09-2018 - Beetsterzwaag - Bourgondisch festival 22-09-2018 - Wommels - Greidhoeke Festival 29-09-2018 - Workum - Merk centrum Gruttocongres 20-09-2018 - Workum - Merk/Haven Strontrace

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem
  • Dissipline: Multydissiplinêr, Bylden en ynstallaasjes, Belibbing, Hafabra muzyk

Yn 'e buert

Toan risseltaten