Contact

Adres:
Posthoornsteeg 40
8933 Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Ljouwert krijt nóch mear kleur op ‘e wangen: grutte en lytse muorren wurde it kanvas fan renommearre Fryske en ynternasjonale graffity-keunstners. Yn totaal meitsje se 2018 fjouwerkante meter streetart, wêryn’t se ôfrekkenje mei âlde dogma’s en foar Ljouwert nije perspektiven kreëarje. Writer’s Block wurdt de grutste fergeze fiering fan iepenbiere keunst yn it noarden, wêrby’t Ljouwerter strjitkeunstners oan grutte nammen keppele wurde. Sa wurket LJ van Tuinen mei de Amerikaan John Pugh oan in keunstwurk op it Gemeentehûs, foarsjocht Roy Schreuder mei Flying Fortress (Dútslân) de Stadsoase fan in muorretekening en giet Etrs de Retro mei de allyksa Dútske Mr. Woodland oan ‘e slach by Stedsskouboarch De Harmonie. De ynternasjonale keunstners komme spesjaal foar de ReOpening nei Ljouwert.

De organisato…

Lês fierder

De organisatoaren fan Writer’s Block, Peter Reen en Serge Hollander, betochten njonken dizze wurken it ûnderdiel ‘Speak Your Truth’: in plak dêr’t it sprutsen wurd en de frijheid fan mieningsutering dominearje. Se nûgje hjirfoar de Malteeske keunstner Twitch en de Amsterdamske Fake Stencils út. De Haniasteeg is ûnder de ReOpening harren boarterstún.

De earste folsleine edysje fan Writer’s Block fynt ein juny 2019 plak yn Ljouwert.

Lês minder

Wannear

  • daagliks fanôf 12 july 2019 oant 'e mei 14 july 2019

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees Vrij toegankelijk

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Keunstefestival
  • Soart evenemint: Tentoanstelling

Yn 'e buert

Toan risseltaten