Lit dy yn de Waddenkelder ferrasse troch de dynamyk fan it tij: mei dyn bleate fuotten yn it sân erfaarst de syklus fan eb en floed gearballe yn ien minút. In oade oan de Waadsee: slinken, sânbanken, waad, strannen en dúnen. In dynamysk lânskip, altyd yn beweging. Unyk yn de wrâld en sûnt 2009 Unesco Wrâlderfgoed.
De Waadsee is altyd troch de minsk beynfloede. Places of Hope is in prachtich poadium foar de fernijende Sense of Place-inisjativen. Dizze meitsje it mooglik de dynamyk fan de Waadsee en har skientme en poëzy noch yntinser te belibjen. De projekten hawwe respekt foar kultuer en natuer en fertelle it ferhaal fan de lokaasje en it lânskip. Se jouwe it plak dêrmei ekstra oantrekkingskrêft en betsjutting: a Sense of Place.
Yn de…

Yn de Waddenkelder rekkest trochkringe fan de kwetsberens, de skientme en it unike karakter fan it altyd yn beweging wêzende Waadlânskip.
De Waddenkelder wurdt realisearre troch Bruno Doedens, lânskipsarsjitekt.