Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Zaailand
8911 BL Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Fan 4 oant ‘e mei 28 oktober fynt de twadde edysje fan it FryslânPhoto festival plak, foar fotografen en leafhawwers fan fotografy. It fotofestival lit sjen wat Fryslân te bieden hat op it mêd fan de fotografy. It jout sawol amateur- as professionele fotografen in poadium. Under it festival litte se wurk sjen ynspirearre op it tema ‘Wa bin ik’.

Identiteit is in aktueel ûnderwerp, sawol yn it persoanlike libben fan minsken a…

Lês fierder

Fan 4 oant ‘e mei 28 oktober fynt de twadde edysje fan it FryslânPhoto festival plak, foar fotografen en leafhawwers fan fotografy. It fotofestival lit sjen wat Fryslân te bieden hat op it mêd fan de fotografy. It jout sawol amateur- as professionele fotografen in poadium. Under it festival litte se wurk sjen ynspirearre op it tema ‘Wa bin ik’.

Identiteit is in aktueel ûnderwerp, sawol yn it persoanlike libben fan minsken as yn de fotografy. Want bestiet der soks as in eigen identiteit en wurdt dy bepaald troch wêr’tst wennest of wêr’tst weikomst? Troch dyn geslacht of dyn opfieding? En feroaret dyn identiteit wannear’tst flechtest? Troch dizze fragen lieten de dielnimmende fotografen har ynspirearje. Sawol professionele fotografen as foardere amateurs. Harren wurk is te sjen yn de haadeksposysje yn winkelsintrum Zaailand, it klopjend hert fan it festival.

Op it fotofestival eksposearret ek ik in oantal Skandinavyske fotografen, waans bylden in link hawwe mei it tema ‘identiteit’. Oare bysûndere eksposysjes komst tsjin op de spesjale fotorûte troch de prachtige âlde binnenstêd fan Ljouwert. De rûte rint lâns in galery, de eardere ridskipswinkel fan Auke Rauwerda en ‘skeve toer’ de Aldehou, wêr’t troch bern selsmakke portretten te sjen binne. Ek bysûnder binne de foto’s fan wykbewennerws en nijkommers, te sjen yn it ynformaasjesintrum fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Under it FryslânPhoto Festival kinst ek meidwaan oan aktiviteiten lykas meet & greets mei de fotografen, Instawalks, in rûnlieding by in sammeler fan âlderwetske kamera’s en binne der pop-up studio’s yn fjouwer wiken wêr’tstst fergees in portret meitsje litte kinst.

Sjoch, belibje en moetsje elkoar op it FryslânPhoto Festival!

Lês minder

Wannear

  • Donderdag t/m zondag geopend. In de herfstvakantie ook op maandag, dinsdag en woensdag Kaartjes koop je voor een specifieke datum maar zijn de hele maand geldig.

Prizen

  • Folwoeksenen€ 11.50 Kaartjes staan op datum maar zijn de gehele maand oktober geldig. Kinderen | < 12 jaar gratis Rondleiding van een uur, max. 15 personen | €75 Korting – een groep van 10 personen en groter | €2,50 korting p.p. – op vertoon van CJP of studentenpas €2,50 korting Heb je korting? Koop je kaartje dan op de locatie zelf: het Zaailand of Auke Rauwerda
  • Betelmooglikheden: Online, Pin

Yn 'e buert

Toan risseltaten