Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Hofplein 38
8911 HJ Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):
Mear ynformaasje

Mear ynformaasje

De eigensinnigens fan de Fries is perfoarst werom te finen yn wat wol de keninginne ûnder de tinksporten neamd wurdt: it Frysk damjen. It Frysk damjen is in troch de ynternasjonale damfederaasje erkende fariant en wurdt op in soad plakken op ‘e wrâld spile. It wichtiste ferskil mei oare farianten is dat je rjochttroch, dwersoer én skean slaan meie. Dit jout mear mooglikheden en is it dus lestiger.

Yn 2018 fynt it earste wrâldkampioenskip Frysk damjen plak yn Ljouwert. Yn in wike tiid spylje de 16 bêste nasjonale en ynternasjonale dammers. Sy hawwe har kwalifisearre tidens ynternasjonale seleksjewedstriden ferspraat oer Europa.

Yn ‘e hjerst fan 2017 binne de kwalifi…

Lês fierder

Yn ‘e hjerst fan 2017 binne de kwalifikaasjewedstriden yn Italië en Tsjechië, lannen wêr’t fanatyk Frysk damjen beoefene wurdt. Yn Nederlân fynt it wichtiste Europeeske kampioenskip Frysk damjen plak yn Amsterdam, de stêd wêr’t al sûnt 1700 oer it spultsje skreaun wurdt. Fan jannewaris 2018 ôf ferpleatse de kwalifikaasjewedstriden har nei Fryslân, de widze fan dizze bysûndere tinksport.

It evenemint hat in wiidweidich jeugdprogramma om de jeugd te stimulearjen har dizze âlde Fryske sport eigen te meitsjen en se de mooglikheid te jaan om yn kompetysjeferbân te spyljen. Dêrneist binne by alle toernooien ekstra aktiviteiten om it Frysk damjen te promoatsjen, lykas clinics, toernooien FRYSK!, in jeugdprogramma en boeiende simultaanwedstriden.
En om alfêst te oefenjen is der in spesjale app: friesdammen.

Lês minder

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Sport
  • Soart evenemint: Evenemint
  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem

Yn 'e buert

Toan risseltaten