Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Waddenpromenade 1
8861NT Harlingen
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

The Sea! The Sea!

De see hat har eigen taal. Se rûzet soms sêft, bolderet dan wer lûd en dúdlik. Wy steane oan 'e kade en hearre har. We freezje har, bewûnderje har, begripe har. The Sea! The Sea! lit him ynspirearje troch dy universele taal en fangt it rûzjen fan de see yn poëzy.

Dichters dwale troch it publyk tidens dit projekt yn de haven fan Harns. Samar ynienen barste se los yn foardrachten. Wurken fan fêstige nammen as Slauerhoff of Hemingway, of just fan in nije generaasje skriuwers. Mar altyd mei de see as bolderjend middelpunt. The Sea! The Sea! is ûnderdiel fan de Taalkaravaan, it reizgjende festival fan Lân fan Taal.

Tall Ships Races
De armada fan Th…

Lês fierder

De armada fan The Tall Ships Races, de grutste histoaryske sylrace fan de wrâld, sil yn Harns finishje. The Sea! The Sea! bringt tidens dit grutte nautyske evenemint in oade oan de see. De skippen spylje in wichtige rol, want sy foarmje it dekôr foar de ferhalen. Oan board fan de skippen skriuwt in oantal jonge, talintfolle skriuwers nije ferhalen. Hja sette de oade oan de see fierder. De see spilet ommers net allinne in grutte rol yn ús ferline, mar is ek ûnderdiel fan ús takomst.

De karavaan reizget fierder
The Sea! The Sea! sil ek op de Admiraliteitsdagen en Oerol de see sprekke litte en farske ferhalen en keunstfoarmen ûntstean litte mei de see as oerâlde boarne fan ynspiraasje. De floeibere basis foar nij wurk en eksperimint. De Talkaravaan reizget boppedat noch nei in programma rûn Simon Vestdijk en de winners fan de Anton Wachterpriis, dat yn Harns organisearre wurdt.

Lês minder

Wannear

  • The Sea! The Sea! is daarnaast aanwezig van 6 t/m 8 september 2018 in Dokkum tijdens de Admiraliteitsdagen.

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Bylden en ynstallaasjes, Muzyk, Poadiumkeunst, Wittenskip en technology, Ferhaalfertelle
  • Fiertaal: Nederlânsk, Frysk

Beoardielings

Lês de ûnderfinings fan besikers

Besjoch de beoardielings fan besikers dy't al earder op dizze lokaasje west binne.

Besjoch alle beoardielings

Yn 'e buert

Toan risseltaten