Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Beursplein
8911BM Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

*Fanôf tongersdei 22 novimber te sjen op Beursplein yn Ljouwert.*

The List trasearret ynformaasje oer de dea fan flechtlingen, asylsikers en migranten dy’t harren libben ferlern hawwe binnen of oan de grinzen fan Europa sûnt 1993. Oant 20 septimber 2018 binne der mear as 35.597 deaden dokumintearre. The List wurdt alle jierren bywurke troch de yn Amsterdam fêstige organisaasje UNITED for Intercultural Action. De ôfrûne jierren hat Banu Cennetoğlu The List mei kuratoaren en keunstners oerset en bywurke foar ferskate lannen. Earder wie The List te sjen yn ûnder oare Liverpool, New York, Istanbul, Milaan, Berlijn en Barcelona.

EUROPA

It is baas drok oan de kusten fan Europa.
Badgasten, beskonken yn see, swimme 
foarby it wrakhout fan it skip dat 
de flechtling brocht, ûngeriif dat jûns 
ûnder de sinne yn de oliven fia 
Skype e…

Lês fierder

Skype en mail nei it thúsfront spat,
de kleilieten oer it bedoarne genot. – 

Hotelkeamers sjogge út op tinten en
kampen, tichtset mei skriktried, ryk fan 
hannel yn fleis en minsken. Eagen oer 
it stek sinke wei as boaten yn ’e nacht.
It is baas drok oan de kusten fan Europa.

Gedicht fan Eeltsje Hettinga

www.dichterfanfryslan.nl

Lês minder

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Soart evenemint: Tentoanstelling
  • Dissipline: Bylden en ynstallaasjes

Yn 'e buert

Toan risseltaten