Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Heer Ivostraatje 1
8911 Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Other Words - Oare Wurden

Dat is spannend: as skriuwer yn in lytse of minderheidstaal acht wiken 'útstjoerd' te wurden nei in oar lyts taalgebiet yn Europa, dêr'tst wurkest, blogs skriuwst en optredens dochst! Dat bart sûnt 2016 by it literêre útwikselingsprojekt Other Words - Oare Wurden. Untdek yn 2017 en 2018 ynternasjonale skriuwers 'yn it wyld' yn Ljouwert.

De fiif dielnimmende stêden of regio's binne San Sebastián (Baskelân), Dublin (…

Lês fierder

Other Words - Oare Wurden

Dat is spannend: as skriuwer yn in lytse of minderheidstaal acht wiken 'útstjoerd' te wurden nei in oar lyts taalgebiet yn Europa, dêr'tst wurkest, blogs skriuwst en optredens dochst! Dat bart sûnt 2016 by it literêre útwikselingsprojekt Other Words - Oare Wurden. Untdek yn 2017 en 2018 ynternasjonale skriuwers 'yn it wyld' yn Ljouwert.

De fiif dielnimmende stêden of regio's binne San Sebastián (Baskelân), Dublin (Ierlân), Bitola (Masedoanië), Maribor (Slovenië) en Ljouwert (Fryslân). Elk jier reizgje der twa Fryske skriuwers nei it bûtenlân en komme der twa gastskriuwers nei Ljouwert. Ién ding ha se mei-inoar mien: in hertstochtlike winsk om hárren taal oer it fuotljocht te bringen. Se skriuwe, trede op en lizze kontakten mei kollega-skriuwers en keunstners yn it gastlân. En dat leveret bysûndere moetingen op. Harren ûnderfiningen ferwurkje hja yn ferhalen foar de webside fan Other Words.

Yn 'e hjerst fan 2017 is de Aromaanske singer-songwriter Zarko Naumovski yn Ljouwert en komt der ek noch in Baskyske skriuwer nei de stêd. De Biltske skriuwer Hein Jaap Hilarides reizget yn dy perioade nei Slovenië. Fan april oant juny 2018 is der in Sloveenske skriuwer yn Ljouwert en sil der in Fryske skriuwer nei Ierlân.

Lês minder

Prizen

  • Fergees

Yn 'e buert

Toan risseltaten