Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Heer Ivostraatje
8911 Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Stimmen fan Fryslân

Benijd hoe’t ferskate talen klinke? En de ferskate smaken Frysk? Mei in wiidweidige app kinst dat ûntdekke en in soad kennis oer taal opdwaan. Ûnmisber foar taalfanaten, - kenners en dosinten!

Eins is elkenien meartalich en allinne al it Frysk hat in soad farianten. In nijsgjirrich fenomeen dêr’t Ryksuniversiteit Grins boppe-op dûkt is mei it wittenskiplike projekt ‘Stimmen fan Fryslân’. Ynspiraasjeboarne dêrby wie it Britske projekt ‘Voices Recordings’, dêr’t safolle mooglik farianten fan it Britsk yn fêstlein waarden.

Kearn fan ‘Stimmen fan Fryslân’: in wiidweidige smartphone app mei byhearrend webstee. Do fynst dêr in groeiend tal talen en dialekten en kinst sels sprutsen taal opnimme en tafoegje. Yn in online mienskip kinst kennis oer meartaligens fine en diele. Der binne ek blogs en der is in taalspultsje.…

Lês fierder

Stimmen fan Fryslân

Benijd hoe’t ferskate talen klinke? En de ferskate smaken Frysk? Mei in wiidweidige app kinst dat ûntdekke en in soad kennis oer taal opdwaan. Ûnmisber foar taalfanaten, - kenners en dosinten!

Eins is elkenien meartalich en allinne al it Frysk hat in soad farianten. In nijsgjirrich fenomeen dêr’t Ryksuniversiteit Grins boppe-op dûkt is mei it wittenskiplike projekt ‘Stimmen fan Fryslân’. Ynspiraasjeboarne dêrby wie it Britske projekt ‘Voices Recordings’, dêr’t safolle mooglik farianten fan it Britsk yn fêstlein waarden.

Kearn fan ‘Stimmen fan Fryslân’: in wiidweidige smartphone app mei byhearrend webstee. Do fynst dêr in groeiend tal talen en dialekten en kinst sels sprutsen taal opnimme en tafoegje. Yn in online mienskip kinst kennis oer meartaligens fine en diele. Der binne ek blogs en der is in taalspultsje.

Ûnder de namme ‘Language Files’ hâlde ferneamde ûndersikers yn 2018 lêzings oer medyske, technologyske en maatskiplike tapassings fan taalûndersyk. As lêste besykje taalwittenskippers middelbere skoallen.

Wêr

Online en op ferskate lokaasjes yn Fryslân

Wannear

Fanôf no

Partners

Ryksuniversiteit Grins

Lês minder

Prizen

  • Fergees

Yn 'e buert

Toan risseltaten