Dit evenemint is al west

Tryater is it eigensinnige, professionele teaterselskip fan Fryslân. Boeiend teater wêrby’t de teatrale fertaalslach makke wurdt fan globale fraachstikken nei de eigen belibbingswrâld. Yn de yntime setting fan Fryske húskeamers en op lokaasje by grutte bedriuwen spilet tyater Doarp Europa: in dynamyske, mearkeseftige foarstelling oer de syktocht nei wêr’tst dy thúsfielst.

DOARP EUROPA
Dit is ús doarp.
Ons Dorp.
Unser Dorf.
Nasza wioska.

Wolkom yn Doarp Europa, dêr’t njoggen doarpelingen yn geuren en kleu…

Lês fierder

Tryater is it eigensinnige, professionele teaterselskip fan Fryslân. Boeiend teater wêrby’t de teatrale fertaalslach makke wurdt fan globale fraachstikken nei de eigen belibbingswrâld. Yn de yntime setting fan Fryske húskeamers en op lokaasje by grutte bedriuwen spilet tyater Doarp Europa: in dynamyske, mearkeseftige foarstelling oer de syktocht nei wêr’tst dy thúsfielst.

DOARP EUROPA
Dit is ús doarp.
Ons Dorp.
Unser Dorf.
Nasza wioska.

Wolkom yn Doarp Europa, dêr’t njoggen doarpelingen yn geuren en kleuren en yn alle talen dy’t se machtich binne sjonge, spylje, dûnsje en fertelle oer it famke dat al sa lang yn ferwachting is. Se draacht de takomst yn‘e búk en lûkt fan doarp nei doarp, sykjend nei in plak dêr’st se feilich befalle kin. It doarp mei it koekjesfabryk? It doarp dêr’t se spikers meitsje? Of dochs it doarp dêr’t se reuzerêden meitsje foar de hiele wrâld?

Kom, sko oan, op de plakken dêr’t wenne en wurke wurdt en dêr’t de takomst op ‘e wrâld komt.

Tryater op Lokaasje

Dêr’t de foarstelling Elkenien is in Prutser him op ûnferwachte plakken troch Fryslân ôfspile en Wereldburgers van de Voorstreek letterlik de Voorstreek yn Ljouwert as lokaasje hie, is Doarp Europa troch hiel Fryslân te sjen by lokale bedriuwen mei ynternasjonale konneksjes: dêr wêr’t wurke wurdt. Sjoch de foarstelling bygelyks by it grutte glêsfabryk yn Frjentsjer dy’t moderne gebouwen oer de hiele wrâld foarsjocht fan glêswurk; it koekjesfabryk fan Hellema yn Hallum waans koekjes oer de hiele wrâld geane; of by it bedriuw op It Hearrenfean dat yndie reuzerêden makket dy’t oeral op de wrâld steane!

Lês minder

Wannear

  • De voorstelling is op diverse plekken in Fryslân. Kijk op de website van Tryater waar het is.

Prizen

  • BernFan € 11.00 oant € 20.00 Ook geschikt voor niet-Friestaligen

Yn 'e buert

Toan risseltaten