Contact

Adres:
Oldehoofsterkerkhof 2
8911DH Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

It ferhaal fan Ljouwert? Dat wurdt ferteld troch al dy minsken dy’t harren spoaren yn ‘e stêd efterliten hawwe. DNALWD2018 sammelet dizze ferhalen. Elkenien dy’t wat mei Ljouwert hat, kin hjirfoar wat fan syn DNA ôfstean. Gjin echt DNA, fansels. Mar eat wat te meitsjen hat mei ús stêd of mei dysels. In persoanlik ferhaal, foarwerp, foto of miny-keunstwurk. Alles kin, salang’t it mar yn ien buiske past. Al dit kreative DNA foarmet ien keunstwurk. Tsientûzenen buiskes dy’t fertelle oer ús ferskillen, mar ek oer wat ús ferbynt: Ljouwert. Dyn DNA wurdt digitaal bewarre. Sadat’sto, of in oar, it altyd werom fine kinst. Oant fier yn de takomst. Sa bouwe we meielkoar oan it ferhaal fan ús allegearre.

It ynteraktive keunstwurk
It bysûndere…

Lês fierder

It bysûndere DNA-keunstwurk is te bewûnderjen yn it Gemeentehûs yn Ljouwert. Tûzenen buiskes jouwe kleur oan it ferhaal fan ús allegearre. Achter elk DNA-buiske sit in ferhaal. Dizze ferhalen binne te lêzen op www.dnalwd2018.nl. Hjir kinst ek dyn eigen DNA-buiske weromfine en sjen wêr’t it yn it keunstwurk pleatst is.

Meidwaan?
Kinst meidwaan troch in DNA-buiske op te heljen by ien fan de DNA-ynformaasjepunten. Follest it buiske mei dingen dy’t foar dy wichtich binne, in ferhaal, in gedicht, in bernetekening, in foto fan dyn bertehûs. Alles kin, salang’t it mar yn ien buiske past. Gean nei www.dnalwd2018.nl en folgje dêr de stappen om dyn buiske te registrearjen. Dêrnei leverest dyn DNA-buiske yn by it DNA-ynformaasjepunt.

Nei 2018
Alle ferhalen wurde nei 2018 opslein en bewarre troch it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL). Dit wurdt dan in tiidskapsule foar de folgjende generaasjes. Sa kinne minsken oant fier yn ‘e takomst sjen hokker ferhalen minsken hienen en wat der spile doe’t Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa wie.

Wêr & wannear
De DNA-ynformaasjepunten binne te finen yn it Gemeentehûs, HCL en MCL.
It keunstwurk is hiel 2018 te sjen yn it Gemeentehûs yn Ljouwert.

Partners
Stichting Zeezicht, Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL), Stichting Kunstkade, Gemeente Ljouwert, Provinsje Fryslân, ROC de Friese Poort, ROC Friesland College, NHL Hogeschool, Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Van Hall-Larenstein, Nordwin College, LF2018, Stichting Kunstkade, Lân fan Taal, Buro 360, Het Nieuwe Stadsweeshuis, PyraSied, Mannen van Staal, Wellzo en Medisch Centrum Leeuwarden.

Lês minder

Wannear

  • elke moandei, tiisdei, woansdei en freed oant 'e mei 31 desimber 2018 08.30 - 17.00 oere
  • elke tongersdei oant 'e mei 31 desimber 2018 08.30 - 19.30 oere

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Bylden en ynstallaasjes, Belibbing
  • Soart evenemint: Tentoanstelling
  • Fiertaal: Nederlânsk

Yn 'e buert

Toan risseltaten