De Gaastmar is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp is goed 875 jier âld, telt sa’n 300 ynwenners en de bekende Fryske dichter Jan Jelles Hof is hjir berne. Oant 2011 lei De Gaastmar yn de gemeente Wymbritseradiel. It doarp bestiet út twa dielen: Lytse Gaastmar en Grutte Gaastmar. De Gaastmar is bekend as wettersportplak en stiet yn ferbining mei in stik of wat Fryske wetters lykas De Fluessen, De Hegemer Mar en de Grutte Gaastmar. Yn it doarp is der ek in pontsje, dat fart nei It Heidenskip.
Untdek De Gaastmar
Untdek mear Fryske doarpen
-
De Gordyk
-
Heech
-
It Hearrenfean