Ga naar inhoud
Favorieten 0

De Gordyk leit yn de gemeente Opsterlân en it hat goed 7.000 ynwenners. It doarp De Gordyk is troch it turfwinnen ûntstien. Troch it sintrum fan De Gordyk rint de Opsterlânske Kompanjonsfeart. De Gordyk wie yn it ferline benammen it plak wêr’t guod ynfierd, opslein en ferhannele waard. In bynamme fan de Gordyksters is dan ek “hantsjeklappers”. Oant 20 jier tebek stie de Gordykster Merke noch bekend om de feehannel, mar dat is no net langer sa. Op De Gordyk waard in soad turf trochfierd, benammen út de kontreien efter De Tynje.

Untdek De Gordyk

Untdek mear Fryske doarpen