Dolsterhuzen is in unyk twillingdoarp mei Ychtenbrêge oan de Tsjûkemar. De doarpen wurde letterlik skieden troch de Pier Christiaansleat, de ferbining tusken de Kop fan Oerisel en de tagong ta de einleaze Fryske Marren. De lizzing oan de Tsjûkemar lient him tige goed foar alderhande wettersportaktiviteiten mar ek op de fêste wâl binne der ferskate rekreaasjemooglikheden. Fanôf de terraskes kinst folop genietsje fan alle warberens.