Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
8933 Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

It Media Art Festival is ít evenemint fan it Noarden foar jonge, ynternasjonale mediakeunst. Fan 15 novimber oant ‘e mei 2 desimber kinst dyn sintúgen yn alle opsichten prikkelje litte mei in pop-up-eksposysje fan 12 jonge talinten en ynternasjonale keunstners, de ‘Young Masters’, studearjend of krekt ôfstudearre oan renommearre Europeeske keunstakademy’s. Yndrukwekkende ynstallaasjes wêrby’t moderne technology, ynformatika en robotika har fertale nei bysûndere artistike ekspresjes. Dêrneist is der in ferrykjend râneprogramma mei optredens, lêzingen en films ûnder it tema LinkedUp – Kommunikaasje en Ferbining, oer de ympakt fan technology op hoe’t we mei-inoar libje en kommunisearje.

Hichtepunten

Young Masters Pop-Up Eksposysje
Op lokaasje is de Young Masters pop-up eksposysje mei tolve ljocht- en mediakeunstwurken troch nasjonaal en ynternasjonaal talint, alle dagen iepene fan 10.00 oant 22.00 oere.

Multimediaal Eindfeest
Op sneont…

Lês fierder

Op sneontejûn 1 desimber wurdt it Media Art Festival multymediaal ôfsletten yn gearwurking mei de hegeskoallen NHL-Stenden en Minerva Academie voor Popcultuur.

Young Masters Awards 2018
Op sneintemiddei 2 desimber wurdt de bysûndere MAF Young Masters Award útrikt. De tolve keunstners fan it Media Art Festival binne allegearre nominearre. De winner wurdt oanwiisd troch in ynternasjonale sjuery besteande út lûdskeunstner Selu Herraiz (E), performancekeunstner Laurenz Theinert (DE) en ljochtdesigner Tim Fuchs (CH). De priis bestiet út in ferbliuw en in eskposysje by de AADK Spain keunstnersresidinsje yn it Spaanske Blanca.

Lês minder

Prizen

  • Fan € 4.00 oant € 9.50 Gratis tot 26 jaar

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators