Dit evenemint is al west

De Fryske Saskia Uylenburgh wie de earste grutte leafde fan Rembrandt van Rijn. Yn 1634 troud it pear. Saske, sa’t har Fryske doopnamme klinkt, is hikke en tein yn Ljouwert. It ferneamste Fryske bruidspear ea foarmet de reade tried yn de tentoanstelling Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw. Oan de hân fan it leafdeskeppel ûntdekts as besiker hoe’t it deroan ta gie yn in foaroansteand houlik yn de santjinde iuw.

Fan de earste ôfspraakjes, mearke-eftige brulloften en it stichtsjen fan in húshâlding oant de tsjustere kanten fan it houlik lykas bernestjerte en ûntrou. De eksposysje yn it Fries Museum toant houliksportretten, yntime sketsen en persoanlike foarwerpen dy’t fertelle hoe’t leed en wille dield waarden yn de Gouden Eeuw.

Fotocredit:

© Rembrandt van Rijn, Saskia en profil yn kostber kostuum (detail), 1633-1642, oaljeferve op paniel Museumslandschaft Hessen Kassel, Gemäldegalerie Alte Meister, Kassel

Prizen

  • € 15.00

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Soart evenemint: Tentoanstelling
  • Dissipline: Erfgoed
  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators