Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
8911 Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Explore the North set de binnenstêd fan Ljouwert yn as poadium foar skriuwers, muzikanten en oare performers út alle wynstreken. Waarmje dy oan ferhalen en swalkje yn in wintersk wykein troch de noardlike stêd, mei konserten en gedichten as gids. Explore the North is in festival op ûnferwachtse plakken. In waarm bad foar dreamers, tinkers en swalkers.

Aventoerlik festival
Poadiumkeunst op bysûndere lokaasjes, Ljouwert (opnij) ûntdekke, artysten fan f…

Lês fierder

Explore the North set de binnenstêd fan Ljouwert yn as poadium foar skriuwers, muzikanten en oare performers út alle wynstreken. Waarmje dy oan ferhalen en swalkje yn in wintersk wykein troch de noardlike stêd, mei konserten en gedichten as gids. Explore the North is in festival op ûnferwachtse plakken. In waarm bad foar dreamers, tinkers en swalkers.

Aventoerlik festival
Poadiumkeunst op bysûndere lokaasjes, Ljouwert (opnij) ûntdekke, artysten fan fier fuort dy’t tegearre mei keunstners fan tichtby nij wurk meitsje; dat binne de yngrediïnten fan Explore the North. It festival freget makkers én publyk in sprong yn it djippe te weagjen en in stap bûten de komfortsône te setten. Lústerje nei in skriuwer dy’tst noch net kenst op in lokaasje dy’t dy foarhinne net opfallen wie. Rin de Ljouwerter kjeld yn en genietsje tsien minuten letter fan in yntym konsert yn in tsjerke wêr’tst noch nea west hast.

Kaarten
It programma fan Explore the North 2018 wurdt yn ‘e simmer bekend makke. Om dy alfêst in idee te jaan: yn 2017 binne ûnder mear Chassol (FR), Martin Kohlstedt (DE), MEW (DK), Hassan Blasim (IQ/FI) en Charlotte van den Broek (BE) te gast yn Ljouwert.

Prikkeljende produksjes oer taal
Yn ‘e mande mei Lân fan Taal organisearret Explore the North yn 2018 ferskate aktiviteiten dy’t te meitsjen hawwe mei taal en meartaligens. Sa komme der ûnder oare trije lytse festivals, startend fanút it Talepaviljoen yn de Prinsetún. Programma en lokaasjes steane op www.lanfantaal.nl en www.explore-the-north.nl sadree’t se bekend binne.

Lês minder

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fan € 10.00 oant € 50.00 Tickets foar Explore the North 2018 gean foar de simmer yn de ferkeap. Do hoecht net oant dy tiid te wachtsjen, want tegearre mei Lân fan taal organisearret it festival allegear aktiviteiten lykas Taaltoers troch de binnensted fan Ljouwert. Sjoch foar mear ynfo explore-the-north.nl.

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Lûdskeunst, Keunstefestival, Multydissiplinêr

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators