Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Lange Pijp
8939 ZZ Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

8ste dag: tûzenen skeakels yn ien minsklike masine

In gigantyske masine raast mei in domino-effekt troch Ljouwert. In masine fol dûnsoptredens, muzykstikken of bouwurken. In masine wêryn minsken de skeakels binne en wêryn elke beweging in kettingreaksje feroarsaket. In masine dy’t ferbynt en fermakket. Dat is de 8ste dag: in kettingreaksje dy’tst net misse wolst.

Op 8 july 2018, de achtste dei fan july, stiet Ljouwert yn it teken fan dizze masine. De binnenstêd wurdt fold troch de meast ûnderskate projekten. Lûd, dûns, sport, bouwurken en optredens foarmje meielkoar in gigantysk skouspul dat tûzenen minsken tagelyk yn beweging bringt.

Oftanke húsrie
In groep buormannen dy’t in to…

Lês fierder

In groep buormannen dy’t in toer boud fan ôftanke húsrie, studinten dy’t in muzykstik ynstudearje of ûndernimmers dy’t meielkoar in skilderij meitsje. Elk projekt foarmet in skeakel binnen 8ste dag. Yn in kettingreaksje bringe alle skeakels elkoar yn beweging en wurde ien gehiel yn in minsklike masine.

Ferbine
Elke aksje, elke hanneling hat net allinne ynfloed op ús eigen libben, mar ek op dat fan de minsken om ús hinne én yn de rest fan de wrâld. Dat is de gedachte efter it projekt. As we meielkoar bepale hoe’t de wrâld der útsjocht, moatte we elkoar wol fine kinne. Mei 8ste dag ferbynt keunstner en inisjatyfnimmer Marten Winters minsken sadat se meielkoar in reuseftich spektakel út é grûn stampe kinne.

Aksje en reaksje
De masine fertelt sa in ferhaal oer it libben. Oer fleurige en fertrietlike mominten. Oer stroffelje, falle en wer oerein komme. Oer aksje en reaksje. Want, sa fynt inisjatyfnimmer Winters, “we binne allegear ûnderdiel fan in grutter gehiel. Fan de hiele wrâld sels”.

Meld dy oan!
Elkenien kin dan ek meidwaan oan de 8ste dag. Kinst dy oanslúte by in besteand projekt, tegearre mei in groep in nije skeakel foarmje of as frijwilliger meihelpe mei de organisaasje. Wolst mear witte of dysels opjaan? Stjoer in mailtsje nei info@8stedag.nl.

Lês minder

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators