Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Zuiderhaven 79 a
8861CM Harlingen
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

The Tall Ships Races: in armada fan kultueren

De geur fan tane seilen en touwen, in armada fan trijemasters, matroazen dy't fanôf de skippen de haven yn fierkje, it lûd fan de skipstoeter: tidens de Tall Ships Races Harlingen 2018 is hiel Harns yn nautyske sfearen.

Nei twa spannende wedstriden finishje tachtich sylskippen yn Harns, wêr't se fjouwer dagen lang ferbliuwe en it dekôr foarmje fan dit nautyske spektakel. Mei mear as 200.000 ferwachte besikers belooft it in geweldich evenemint te wurden. Besikers kinne in kykje nimme op de tall ships en genietsje fan alle fergeze optredens dy't op ferskate plakken yn de stêd jûn wurde.

The Sea! The Sea!
Tidens The Tall Ships Races …

Lês fierder

Tidens The Tall Ships Races Harlingen 2018 binne it net allinne matroazen dy't te sjen binne. In grutte rol is weilein foar poëzy. The Sea! The Sea!, ien fan de oare projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018, fynt plak tidens it evenemint en fangt it lûd fan de see yn poëzy. Dichters dwale troch it publyk en drage gedichten foar, oan board fan de skippen wurde nije ferhalen skreaun.

Twa wedstriden
De Tall Ships Races begjinne yn it Kulturele Haadstêdjier yn it Britske Sunderland. Fan dêr út sile de skippen nei Esbjerg yn Denemarken. De twadde race begjint yn it Noarske Stavanger en einiget boppe Flylân en Skylge. Dêrnei farre de tall ships yn parade de haven fan Harns yn en kin it feest yn de havenstêd begjinne.

Bemanning
De monumintale skippen hawwe tidens de Tall Ships Races in bysûndere bemanning: trainees tusken de 15 en 25 jier út ferskillende lannen komme tidens de races yn 'e kunde mei de see en it silen op tradisjonele skippen. De trainees wurde begelaat troch de fêste bemanning.

Lês minder

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem
  • Dissipline: Belibbing

Downloads

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators