Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Accessibility

General accessibility Scootmobielen, loopfietsen en segways zijn binnen niet toegestaan, wel kun je een rolstoel of rollator lenen. Invalidentoilet aanwezig For blind or partially sighted Begeleider gratis For wheelchair users or poorly injured visitors Als je minder goed ter been bent, kun je een rolstoel of rollator lenen. Scootmobielen, loopfietsen en segways zijn binnen niet toegestaan For deaf or hearing impaired persons Onder- of boventiteling aanwezig For visitors with an assistant dog

It Fries Museum hellet M.C. Escher werom nei syn bertestêd Ljouwert. Yn Escher op reis (28 april o/m 28 oktober 2018) folgest syn ûntwikkeling fan grafysk talint ta wrâldferneamd keunstner. Mei mear as tachtich orizjinele printen, sa’n tweintich tekeningen en ferskate foto’s en foarwerpen stapst yn de fuotspoaren fan de reislustige grafikus, dy’t yn Italië en Spanje ynspiraasje fûn foar syn bekendste wurken.

De reis begjint yn it grauwe, platte Nederlân en nimt dy mei nei de sinn…

Lês fierder

It Fries Museum hellet M.C. Escher werom nei syn bertestêd Ljouwert. Yn Escher op reis (28 april o/m 28 oktober 2018) folgest syn ûntwikkeling fan grafysk talint ta wrâldferneamd keunstner. Mei mear as tachtich orizjinele printen, sa’n tweintich tekeningen en ferskate foto’s en foarwerpen stapst yn de fuotspoaren fan de reislustige grafikus, dy’t yn Italië en Spanje ynspiraasje fûn foar syn bekendste wurken.

De reis begjint yn it grauwe, platte Nederlân en nimt dy mei nei de sinne en de bergen fan de Méditerranée. It docht bliken dat Escher syn nocht oan reizgjen bepalend is foar syn artistike ûntjouwing. De sketsen dy’t er ûnderweis makke, binne de ynspiraasje foar de topstikken dêr’t er jierren letter de werklikheid yn nei syn hân sette. De tentoanstelling einiget mei dy ikoanyske wurken dy’t Escher sa bekend en bemind makken.

Grinsleaze kreativiteit
Maurits Cornelis Escher (1898-1972) waard berne yn it stedspaleis fan Ljouwert, dêr’t tsjintwurdich Keramiekmuseum Princessehof fêstige is. Nei syn stúdzje gong Escher de wide wrâld yn. Hy ferhuze nei Italië, dêr’t er gelokkige en produktive jierren belibbe. Op in ezel teach er de bergen yn om sjarmante doarpkes en karakteristike fiergesichten fêst te lizzen. Sadree’t it tsjuster waard, bûn er in bûslampke oan ien fan syn knoopsgatten en sketste er it sicht op Rome by nacht. De printen út dy perioade iepenbierje Escher syn fassinaasje foar opfallende perspektiven en byldkompilaasjes. Nei omswervingen fia Switserlân en België bedarre er úteinlik yn Baarn. Dêr ferwurke Escher syn mediterraanske yndrukken ta komplekse bylden en ûnmooglike wrâlden. Oan ’e ein fan Escher syn reis lit er mei topstikken lykas Belvédère (1958) en Metamorphose II (1939-1940) net allinnnich syn technyske fermogen en wiskundige trúkjes sjen; wa’t goed sjocht, ûntdekt ek syn foarleafde foar it Italiaanske lânskip.

Escher komt thús
Stap yn de fuotleasten fan Maurits Cornelis Escher! Meitsje dyn eigen houtsneed yn de Escherstudio, neiboud nei it foarbyld fan syn wurkpleats yn Rome troch art-director Leo Zandvliet. Of meitsje in selfy mei de bol dêr’t de studio yn reflektearre wurdt; in knypeach nei it topstik Hand met spiegelende bol (1935).
Om echt yn de hûd fan Escher te krûpen, folgest syn reis mei de audiotoer. Jierrenlang die de keunstner fia brieven en deiboeken ferslach fan syn aventoeren ûnderweis. Yn de audiotoer komt de master sels oan it wurd, fertolke troch topakteur Pierre Bokma. De audiotoer is foar € 1,50 te hier by de kassa.

Noch tichter by Escher komme? Yn de tentoanstelling kinst De metamorfose van Escher besjen. Yn dy ynteraktive dokumintêre fan de NTR ûntdekst de lytse details yn Escher syn wurk en learst mear oer syn technyk en it plak dat er yn de keunstskiednis ynnimt.

2018 = m.c. escher yn it fries museum
It jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa is, stiet it museum yn it teken fan Escher. Neist Escher op reis presintearret it Fries Museum it hiele jier troch de tentoanstelling Phantom Limb: Art beyond Escher. Mei yndrukwekkende ynstallaasjes sette hjoeddeiske (ynter)nasjonale keunstners dy op ’e ferkearde foet. Se skeppe in wrâld wêryn’t neat is wat it liket, krekt sa’t Escher dat die. Boppedat daget it museum minsken út om har ynspirearje te litten troch de wrâldferneamde grafikus. De ferskillende projekten wurde byelkoar brocht op planeetescher.nl.

De tentoanstelling ‘Escher op reis’ wurdt mei mooglik makke troch haadsponsor ING, it Blockbusterfonds, it Mondriaan Fonds, de Gemeente Ljouwert, St. Anthony Gasthuis, De Haan Advocaten & Notarissen, Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018, Aegon, Provinsje Fryslân en de BankGiro Loterij.

It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, EZ/Kompas, de BankGiro Loterij en Aegon.

Lês minder

Wannear

  • 26 oktober tot 17:00 28 oktober tot 18:30

Prizen

  • € 18.00 Met museumkaart: €5,-
  • Let op: wees verstandig en reserveer je kaartjes én tijdslot online.

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators