Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Kerkstraat 1
8713 KG Hindeloopen
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Is de leafde sterker as it wetter?

De fluit, in skip foar de hannelsfeart, fart op Riga oan. Oan board 2e stjoerman Wiebe Aukesz. Thús, yn Hylpen, wachtet syn ferloofde Jildous. In prachtich ferhaal fan brulloft oant begraffenis yn ’e tiid fan de bloeiende skipfeart fanút de haven fan Hylpen.

In foarstelling yn de Hylper taal en autentike dracht troch de pleatslike mienskip. Folkloare, folksfermaak, skilderkeunst, stoffen en 
in wintertafriel op ferskate lokaasjes yn it stedsje; in dekôr fan harsels mei al har lytse strjitsjes, prachtige lantearnen, steechjes, grêften, histoaryske wenten en beskildere húskeamers.

Om de wiere reis fan it fluitskip op ’e nij ta libben te bringen heart men de klanken fan in Russysk-Ortodoks koar út Narva, Estlân.

M.m.f. folklorist…

Lês fierder

M.m.f. folkloristyske dûns- en sjonggroep Aald Hielpen, muzykferiening De Lytse Súdwesthoeke, Hylper Seemanskoar Auke Wybesz, Fiskwivekoar Grietje Sprot en Byzantijns Mannenkoor Friesland. Keunst- en skildersatelier; Glashouwer, Roosje, Iekoon, Johan Mulder, Bootsma. Museum Hindeloopen, Reedrydmuseum Hylpen, Stichting tot Behoud van Immaterieel Erfgoed. Skript en produksje: Guus Pieksma, rezjy: Hannie Zwerver

Lês minder

Wannear

  • Op 24 mei is de voorstelling alleen voor Hindeloopers, kaarten kunnen gereserveerd worden. Geen toegangsprijs. Vrijdag 25 mei is de Première.

Prizen

  • € 12.50

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Teater

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators