Hoofdfoto Wy wolle ús klei werom

We wolle ús klaaí werom

Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
9171 LM Blije
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

It ferhaal fan it terpe- en wierdelân is net yn it ûnthâld fan de Nederlanners griffe. Mar dit lânskip is ûnskiedber ferbûn mei de skiednis fan de Waadsee. In ryk ferhaal wêr’t in soad oer te fertellen is. De ûntwikkeling fan it lânskip is noch goed te werkennen yn karakteristike eleminten as de terpen, wierden, maren, kwelders bûtendyks, tsjerken en diken. Dit rike lânskip fertsjinnet mear omtinken.

Net folle minsken witte bygelyks dat der yn Fryslân oait 5.000 te…

Lês fierder

It ferhaal fan it terpe- en wierdelân is net yn it ûnthâld fan de Nederlanners griffe. Mar dit lânskip is ûnskiedber ferbûn mei de skiednis fan de Waadsee. In ryk ferhaal wêr’t in soad oer te fertellen is. De ûntwikkeling fan it lânskip is noch goed te werkennen yn karakteristike eleminten as de terpen, wierden, maren, kwelders bûtendyks, tsjerken en diken. Dit rike lânskip fertsjinnet mear omtinken.

Net folle minsken witte bygelyks dat der yn Fryslân oait 5.000 terpen stienen, ek net dat in grut part hjirfan ôfgroeven en ferpleatst is om de fean- en sângrûn yn earmere gebieten te ferrykjen mei klaai. Dizze operaasje is kwealik yn de skiednisboeken werom te finen. Yn it ramt fan histoarysk besef wolle we dêrom út alle streken symboalysk ‘klaai werom’. In Mienskipsprojekt dat yn 2018 bysûndere oandacht op ús lânskip fêstiget.

Yn Fryslân ûntstiet by de ynwenners hieltyd mear de behoefte om harren doarp sterker mei It Waad te ferbinen. Ien fan dy doapren is Blije. Blije hat it inisjatyf nommen om bûtendyks de ‘Terp fan de Takomst’ te realisearjen en hjirmei de ferbining echt stal te jaan. Undersocht wurdt wêr’t de klaai bleaun is. Net allinne Blije hat hjir baat by, mar de folsleine Waadregio.

Tidens LF2018 wurdt der oan alle boeren út de kop fan Drinte, Oerisel en Súd-Fryslân frege om in kroade klaai werom te bringen nei Blije om sa it poadium te kreëarjen foar de nij te bouwen terp. Dit bart allegearre op ien dei. Yn in optocht komme rigen weinen mei kroaden op de karre om de klaai werom te jaan. Jûns wurdt der feestfierd tegearre mei alle boeren en ynwenners, fesoarge troch de ynwenners fan Blije.

Lês minder

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem, Nederlânsk
  • Dissipline: Bylden en ynstallaasjes, Keunstefestival
  • Soart evenemint: Evenemint

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators