Art Beyond Escher
25 jannewaris 2018 oant ‘e mei 6 jannewaris 2019
Knipperje ris mei dyn eagen. Kloppet dit wol? Of hâldt ien dy foar de gek? Yn 2018 wurdst yn it Fries Museum op ‘e ferkearde foet setten. Monumintale ynstallaasjes fan nasjonaal en ynternasjonaal wurdearre keunstners nimme dy mei yn in wrâld wêryn’t neat is wat it liket.
Dizze hjoeddeiske keunstners trêdzje dêrmei yn ‘e fuotspoaren fan M.C. Escher, w…
Art Beyond Escher
25 jannewaris 2018 oant ‘e mei 6 jannewaris 2019
Knipperje ris mei dyn eagen. Kloppet dit wol? Of hâldt ien dy foar de gek? Yn 2018 wurdst yn it Fries Museum op ‘e ferkearde foet setten. Monumintale ynstallaasjes fan nasjonaal en ynternasjonaal wurdearre keunstners nimme dy mei yn in wrâld wêryn’t neat is wat it liket.
Dizze hjoeddeiske keunstners trêdzje dêrmei yn ‘e fuotspoaren fan M.C. Escher, waans ferneamde printen fanôf 28 april 2018 ek yn it museum te sjen binne. Escher suggerearre alternativen foar de daaglikse wurklikheid. Hoewol’t syn wurk op it earste gesicht logysk en realistysk liket, blykt dat by neiere beskôging faak net sa te wêzen: in trep giet net nei boppen of ûnderen, in flier blykt in muorre te wêzen. Hy sei der sels oer: “Ik kan het niet laten om met onze onomstotelijke zekerheden te sollen”.
In besyk oan dizze tentoanstelling is in ferfrjemdzjende erfaring. De keunstwurken boartsje mei kontrast, ljocht, oarder, perspektyf, ûneinigens en romtlikheid. Se pleatse dy yn in wrâld dy’t skynber ûnmooglik is en jouwe dy in gefoel fan desoriïntaasje. It Fries Museum toant in miks fan bekende ynstallaasjes en wurken dy’t noch net earder te sjen wienen yn Nederlân fan ûnder oaren Michiel Kluiters, Funda Gül Özcan, Saskia Olde Wolbers, Dominique Teufen, Mark Philip van Kempen, Matthijs Munnik en Patrick Corillon.