Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Prinsentuin 1
8911DE Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Talepaviljoen
Wêr komsto yn 2018 in soad talen tsjin en genietesto fan aktiviteiten  en gerjochten dy’t passe by in hieltyd wikseljende talemienskip? Yn it spesjaal ûntwurpen talepaviljoen yn de Prinsetún, dat fan binnen krekt sa húslik is as dat it der oan de bûtenkant útsjocht!

 It paviljoen sit ûnder de rokken fan twa frouljusfigueren; wy hawwe it ommers oer ‘memmetaal’! Binnen hawwe lytse talen út Europa en minderheidstalen yn Ljouwert it foar it sizzen. Dus it Baskysk, de Keltyske talen, it Friulysk, it Katalaansk en it Estsk. Mar ek it Spaansk, it Sineesk, it Italjaansk, it Papiamintsk, it Dútsk en fansels it Liwwadders! Hieltiten stiet, njonken it Frysk, ien fan dy talen sintraal yn it talepaviljoen. Yn totaal sille der sa'n 30 taalmienskippen meidwaan: 10 út Fryslân, 10 út Europa en 10 út 'e stêd Ljouwert.

Aktiviteiten
Op…

Lês fierder

Op tongersdeitejûn en sneintemiddei wurde der aktiviteiten organisearre troch de oanbelangjende taalmienskip: poëzy, muzyk, fertelkeunst, teäter, lêzingen, diskusjes en presintaasjes. Op snein wurdt der altyd ôfskied nommen fan de iene taalmienskip en wurdt de folgjende begroete. Troch de wike, ûnder skoaltiid, is it paviljoen it moetingsplak foar dosinten en learlingen. Ek oare besikers binne dan gewoan wolkom.

Even oars bestelle
Do kinst yn it Talepaviljoen wat drinke en in flaubyt nuttigje. De menukaart bestiet út gerjochten út de regio dy't op dat stuit sintraal stiet. Hoor Friesland 'leveret' trouwens de dôve gasthearen/-frouwen fan it paviljoen. Taal is ommers mear as spraak. Do moatst aanst dus net allinne betinke wátst bestelle wolst, mar ek hóé!

Samlingen & eksposysjes

It dak fan it paviljoen rekket yn 'e rin fan 2018 hielendal beklaaid mei de moaiste wurden fan besikers en gearwurkjende taalmienskippen. Dakpannen wurde dêrfoar no al 'útstjoerd': de rest wurdt op it plak sels oanfolle. Net allinne as dakbedekking, mar ek as foto, audio en fideo. Kinst lykwols net allinnich dyn leafde mar ek dyn frustraasje kwyt!

Iepeningstiden
Elke dei iepen fan 30 maart o.m. 28 oktober 2018.

Iepeningstiden april, maaie, juny en oktober*
Moandei o/m freed: 12.00-18.00 oere
Tongersdeis oant 23.00 oere
Sneon en snein: 10.00-18.00 oere

Iepeningstiden july, augustus, septimber*
Moandei o/m snein: 10.00-19.00 oere
Tongersdeis en freeds oant 23.00 oere

*de iepeningstiden kinne ôfhinklik fan (ekstra) programmearring rommer wêze.

Partners
Afûk (koördinaasje), BUOG, ferskate talemienskippen en -organisaasjes en HoorFriesland

Lês minder

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Bylden en ynstallaasjes, Konseptueel, Kultureel erfgoed, Lûdskeunst, Hafabra muzyk, Keunstefestival, Multydissiplinêr, Iten, Kennis, Muzyk, Poadiumkeunst
  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem, Nederlânsk, Frysk

Beoardielings

Lês de ûnderfinings fan besikers

Besjoch de beoardielings fan besikers dy't al earder op dizze lokaasje west binne.

Besjoch alle beoardielings

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators