Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Stadsschouwburg De Harmonie
Ruiterskwartier 4
8911 BP Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Wa’t glunderjend Stedsskouboarch De Harmonie útrinne wol yn septimber nimt syn hiele húshâlding mei nei de wrâldferneamde Slava’s Snowshow dy’t lang om let werom nei Nederlân helle wurdt. Ek wa’t net fan clowns hâldt wurdt folslein ynpakt troch dizze clownerij fan útsûnderlik nivo, ynpakt yn in ûnferjitlik sniespektakel. De foarstelling komt op boartlike wize letterlik de seal yn en oan it ein wurdt elkenien meisûgd yn in magyske sniestoarm.

De ynternasjonale parse bestimpelet de Russyske artyst Slava Polunin as ‘de bêste clown fan de wrâld’. The London Times neamt syn Snowshow ‘in teaterklassiker fan de 20e iuw’. En Variety skriuwt: ‘Overwhelming and delightful.’

Slava is dan ek gjin gewo…

Lês fierder

Slava is dan ek gjin gewoane clown. Hy is dé Russyske Clown Leginde, oprjochter fan de Academy of Fools en de makker fan de ferneamde Slava’s Snowshow. Clown wêze is foar him in libbensfilosofy.

De Snowshow is in universeel en tiidleas teaterspektakel dat elkenien betoveret en de fantasy fan it miljoenepublyk út tsientallen lannen en hûnderten stêden wit te prikkeljen. Syn spontanens, enerzjy en magy binne yn de rin fan de jierren net ôfnaam. Krektoarsom!

It is teater yn ien fan syn moaiste en ymponearjendste ferskiningen; fan grutte skientme en tagelyk ienfâldich, suver en echt.

Lês minder

Prizen

  • Folwoeksenen€ 25.00 CADEAUPAKKET € 30,-
  • Bern€ 17.50 CADEAUPAKKET JEUGD € 22,50
  • Betelmooglikheden: Kontant, Pin
  • Incl. garderobe en pauzedrankje.

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Teater, Poadiumkeunst
  • Soart evenemint: Evenemint
  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators