Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
9269 RA Feanwâldsterwâl
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Accessibility

For blind or partially sighted For deaf or hearing impaired persons Filmpjes zijn ondertiteld

Iepen Doar(p): doarpsportret fan de mienskip

Mienskip is it sintrale tema fan Ljouwert-Fryslân 2018. Mar wat betsjut it eins? Hoe binne Friezen ferbûn mei harren doarp en de minsken om harren hinne? Iepen Doar(p) ûndersiket dit oan de hân fan in doarpsportret fan it jongste doarp fan Fryslân: Feanwâldsterwâl.

Alle 128 húshâldens fan Feanwâldsterwâl wurde yn byld en lûd portrettearre. Dit leveret in unyk totaalbyld op fan in folsleine mienskip.

Elkenien in ferhaal

Iepen Doar(p) lit hearre en sjen dat elkenien in bysûnder, oandwaanlik of weardefol ferhaal te fertellen hat. In ferhaal dat nei boppen komt, ast mar ynteresse toanst en de tiid nimst om te lústerjen.

Underlinge ferbûnens

Troch de ferhalen …

Lês fierder

Troch de ferhalen te sammeljen én te dielen, leauwe de inisjatyfnimmers fan it projekt dat de ûnderlinge ferbûnens yn it doarp groeit en de mienskip sterker wurdt.

128 dagen, 128 doarren

Sûnt it begjin fan 2017 is der wurke oan de 128 portretten. Fia de sosjale media fan Iepen Doar(p) is de fuortgang fan it projekt te folgjen. Yn 2018 wurdt op iependoarp.eu op 128 dagen efterinoar in doar iepene, ofwol in portret publisearre. Tagelyk lit Omrop Fryslân elke dei in audiofisueel portret hearre. Nei dizze 128 dagen en it iepenjen fan alle doarren yn Feanwâldsterwâl, is it doarpsportret kompleet.

Skiedskriuwing

Nei 2018 soarget it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar yn Ljouwert derfoar dat alle portretten foar altyd online tagonklik binne. Sa bliuwt Iepen Doar(p) bewarre as skiedskriuwing foar takomstige generaasjes. Dy kinne oer fyftich as hûndert jier weromsjen en -hearre hoe’t der hjoed de dei yn Feanwâldsterwâl libbe wurdt.

Lês minder

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Bioferskaat, Iten, Fotografy, Ferhaalfertelle
  • Fiertaal: Nederlânsk, Frysk

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators