Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Majoor van Swietenlaan 1 a
8382 CE Frederiksoord
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Into Nature: Out of Darkness

It gebiet wêr’t de byldzjende keunstmanifestaasje Into Nature: Out of Darkness plakfynt, op de grins fan Fryslân en Drinte, kent trije tige ûnderskate lânskipstypes wêr’t de minsk al tûzenen jierren siket nei syn ferhâlding mei de natuer. De eskposysje leit midden yn it sintrum fan de Koloniën van Weldadigheid (Unesco Wrâlderfgoed) en toant wurken fan  ynternasjonaal oansprekkende keunstners as Katie Paterson, Edward Clysdale Thomson, Herve Youmbi, Susan Philipsz, Heather & Ivan Morison, Sarah van Sonsbeeck, Anne Geene en Roderick Hietbrink.

De earste lokaasje is it Holtingerveld, ien fan de tsjusterste plakken fan Nederlân. De twadde lokaasje is Frederiksoord, yn 1820 oprjochte troch Johannes van den Bosch.

De unike kombinaasje f…

Lês fierder

De unike kombinaasje fan dizze lokaasjes lit de spanning sjen tusken natuer en kultuer, tsjuster en ljocht, behearsking en frijheid. It jout ús ek de kâns om te reflektearjen op it saneamde ‘antropoceen’: de ierde is sa trochdrinze rekke fan minsklike oanwêzigens dat natuer en kultuer net mear fan elkoar te skieden binne.

Dizze bysûndere plakken om Frederiksoord hinne en de rike artistike gearhing dy’t se mooglik meitsje, makket Into Nature: Out of Darkness in spannende, net te missen keunstmanifestaasje.

Lês minder

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Folwoeksenen€ 15.00
  • Groepen€ 10.00 Studenten
  • BernFergees Kinderen en jeugd t/m 17 jaar

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Bylden en ynstallaasjes, Belibbing, Bioferskaat, Erfgoed, Film, Iten
  • Fiertaal: Nederlânsk, Ingelsk

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators