Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Stadsschouwburg De Harmonie
Ruiterskwartier 4
8911 BP Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Look@Me
De film fan dyn libben

Dyn eigen professionele dokumintêre meitsje. Dyn ferhaal fertelle, yn dyn eigen omjouwing. En dan dyn selsmakke film oan elkenien sjen litte op it Noordelijk Film Festival. Klinkt goed, toch? Bern en jongeren út Ljouwert krije dy kâns mei Look@Me, in projekt fan Kunstkade.

It begjint mei in oantal lessen op skoalle, wêryn’t bern har eigen leefomjouwing ferwurkje meie ta in filmskript of bylddraaiboek. Ut al dy skripts en draaiboeken wurdt in oantal ferhalen keazen dy’t echt ferfilme wurde sille. Mei in echte filmcrew dy’t bestiet út professionele filmmakkers en studinten fan D’Drive fan it Friesland College, meitsje se de film fan harren libben.

Noordelijk Film Festival
Yn totaal wurde der t…

Lês fierder

Yn totaal wurde der tweintich films makke. Yn 2016 makken de earste fjouwer bern harren film, yn 2017 folgje der nochris acht en yn 2018 wurde de lêsten oplevere. Alle tweintich films en in making of wurde fansels fertoand op de skoallen fan de bern, mar ek op it Noordelijk Film festival. Sa ûntstiet der in bysûndere portrettegalerij fan Ljouwerter bern. Krêftige ferhalen fan mûnige bern!

Ek yn Aarhus en op Malta
Njonken bern út Ljouwert krije ek bern út de Kulturele Haadstêd fan 2017 Aarhus, en fan Malta, wêrfan’t haadstêd Valletta yn 2018 mei Ljouwert Kulturele Haadstêd is, de kâns om har eigen dokumintêre te meitsjen.

Studinten fan D’Drive
Look@Me jout net allinne bern de kâns om de wrâld fan de film te ûntdekken, mar is ek in learsum trajekt foar de studinten fan D’Drive, dy’t spesjale workshops folgje yn it gearwurkjen mei bern en it meitsjen fan dokumintêres.

Look@Me is in projekt fan Kunstkade yn opdracht fan Ljouwert-Fryslân 2018 en wurdt ûnder oaren stipe troch it Nieuw Stadsweeshuis en Ljouwert-Fryslân 2018.

Lês minder

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fergees

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Film
  • Fiertaal: Nederlânsk, Frysk

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators