Dorpskerk Van Lyndenlaan Beetsterzwaag

IEPEN TSJERKEN YN FRIESLÂN

De tsjerken stean yn it Fryske lânskip as beakens fan trou en hâld-fêst. Spitich genôch binne de doarren fan de measte tsjerken faak ticht. Útgeande fan de Ried fan Tsjerken yn Fryslân wurdt sûnt 2004 Tsjerkepaad hâlden, de iepenstelling fan tsjerken op sneon-temiddeis yn de simmer. It is in grut sukses wurden. Der binne no rom 250 tsjerken yn Fryslân dy ’t de doarren iepenje op sneontemiddeis. (fan 13.30 oant 17.00). Yn dizze tsjerken stean frijwilligers klear om te fertellen oer it gebou of oer de tsjerklike mienskip. Men kin hjir in momint fan rêst en besinning fine en yn de measte gefallen stiet de kofje klear. Yn guon tsjerken wurdt tidens Tsjerkepaad in eksposysje hâlden, of in konsert. Sjoch foar fierdere ynformaasje de Tsjerkepaadgids (ek te downloaden).
Wolkom yn ús moaie Fryske tsjerken!

Wannear

  • elke sneon oant 'e mei 14 septimber 201913.30 - 17.00 oere
  • op 27 juli en op 17 aug is er geen Tsjerkepaad, maar een concert om 16:00 uur.

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • entree gratis, behalve bij concerten

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators