Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Groene Ster
8926 XK Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Accessibility

General accessibility For blind or partially sighted For wheelchair users or poorly injured visitors For deaf or hearing impaired persons For visitors with an assistant dog

Welcome to The Village
wat op in festival wurket, kin ek yn de echte wrâld

Ien fan de duorsumste festivaldoarpen fan Europa fynst yn de Griene Stjer, by Ljouwert. Mei nasjonale en ynternasjonale topacts út muzyk, keunst, ynnovaasje en teater wurdt tidens Welcome to the Village feest fierd en boud oan de wrâld fan de takomst. Dêr wolst dus bywêze.

Miny-maatskippij
Mei goed santich acts feroaret dizze lokaasje tidens Welcome to The Village yn it meast magyske festivaldoarp fan Europa. In feest sa’t in feest heard te wêzen, mar ek fol ferrassende gebeurtenissen. Op in seldsum romme festivallokaasje soargje keunstners, muzikanten, koks en startups foar in programma dat oanset ta diskusjearjen en fierder tinken. It festival as tydlike mienskip, in miny-maatskippij.

Een wrâld dy’t wurket
Welcome t…

Lês fierder

Welcome to The Village is trije dagen feest, mar giet ek oer hoe’t ús wrâld der oer fiif of miskien wol fyftich jier útsjocht. Tidens it ynnovaasjetrajekt DORP en letter op it festivalterrein sels wurdt der hurd wurke oan oplossingen foar de takomst. Fanút de gedachte dat as in idee of nij prototype op in festival wurket, it ek yn de ‘echte wrâld’ wurkje kin. Hûnderten studinten, muzikanten, keunstners, frijwilligers, designers, wittenskippers en festivalbesikers wurkje elk jier tidens it festival oan in bettere wrâld en in folslein sirkulêr festival yn 2022.

Elkenien docht mei
It festival wurket mei in protte lokale cateraars en boeren, boud eigen poadia en makket tegearre mei minsken yn deibestegings en senioaren de festivalfoarmjouwing. Want op Welcome to The Village docht echt elkenien mei.

Line-up 2018
Mark Lanegan Band, Mykki Blanco, Motorpsycho, Wende, Jungle by Night, Torres, Warhaus, Strand of Oaks

Lês minder

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • Fan € 10.00 oant € 109.00 Nu exclusief via LF2018, de eerste weekendtickets voor Welcome to The Village 2018 met korting. Er zijn 2 smaken een weekendkaart en een weekendkaart met camping. Dit jaar heeft Welcome to The Village ook voor het eerst speciaal kortingskaarten voor jongeren van 12 tot 18 jaar, ook daar gaan de eersten speciaal in de verkoop via LF2018. De normale tickets, dagtickets, kindertickets (tot 6 jaar gratis, voor de kinderen tussen 6 -12 jaar 30 euro voor een weekend en 10 euro voor een kinderdagkaart) gaan later dit jaar in de verkoop.

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Dissipline: Bylden en ynstallaasjes, Muzyk, Teater, Belibbing, Bioferskaat, Dûns, Iten, Fotografy, Lûdskeunst, Hafabra muzyk, Jazz- en wrâldmuzyk, Kennis, Klassike muzyk, Keunstefestival, Multydissiplinêr, Poadiumkeunst, Popmuzyk, Wittenskip en technology, Ferhaalfertelle
  • Soart evenemint: Festival
  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem, Nederlânsk, Frysk

Downloads

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators