Dit evenemint is al west

Contact

Adres:
Turfmarkt 11
8911 KS Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Kom op 13 oktober nei Ljouwert foar de Artistieke Klimaattop! Nea earder stiene der safolle keunstners en kreativelingen op it programma mei ûnferwachte optredens, keunstynstallaasjes en workshops. De Artistieke Klimaattop is fergees tagonklik en strykt del yn in fantastysk dekôr: de tentoanstelling Places of Hope yn de Kanselarij yn Ljouwert, Kulturele Haadstêd fan Europa. Middenyn dizze eksposysje litte we ús ferbylding los op it klimaatfraachstik. Ek do kinst meidwaan.

PROGRAMMA HICHTEPUNTEN

Lit dy ferrasse troch foarstellingen en keunstynstallaasjes fan keunstners út binnen- en bûtenlân dy’t ús op in oare wize nei it klimaatfraachstik sjen litte:

  • Ruben Jacobs, kultuersosjolooch (hoe kinne keunstners ús helpe ús relaasje mei de ierde opnij te ûndersykjen?)
  • Fossiel Free Culture (oer harren guerrilla-aksjes tsjin Shell)
  • Arne Hendriks (oer syn projekt Shrinking Man)
  • Marjolijn van Heemstra (oer takomst-tinken en Stadsastronauten)
  • Silen…
Lês fierder

  • Silence of the Bees mei de Bumblebee Rhapsody (in mei de help fan bijen ûntstean muzykstik )

It folsleine programma wurdt bekend makke fia www.iepenup.nl en fia www.facebook.com/iepenup

MEIDWAAN

De Artistieke Klimaattop daacht dy út om net allinne te sjen en te lústerjen, mar ek mei te tinken oer ferbyldingsrike antwurden op it klimaatfraachstik:

Hasto in geweldich idee foar in keunstprojekt oer it klimaatfraachstik? Pitch op 13 oktober dyn plan en meitsje kâns op in beurs fan 4.000 euro. Lês hjir hoe’tst meidwaan kinst: http://www.iepenup.nl/2018/09/04/beurs-kunstproject-klimaatvraagstuk/  

  • Bou mei oan in manifest foar de bestjoerders fan Fryslân
  • Praat mei oer de slotferklearring fan de Artistieke Klimaattop

De Artistieke Klimaattop is in inisjatyf fan IepenUP, ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018. De top fynt plak yn de Week van de Duurzaamheid, en is in inisjatyf fan Circulair Friesland. 

Lês minder

Skaaimerken

Ekstra ynformaasje Kulturele Haadstêd 2018

  • Soart evenemint: Konferinsje
  • Dissipline: Wittenskip en technology
  • Fiertaal: Taal Gjin Probleem

Yn 'e buert

Toan risseltaten
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators