It aventoer yn 2018 is foar elkenien. Foar dy en dyn buorfrou, foar de bakker op ‘e hoeke en de frijwillichster yn de biblioteek. 2018 meitsje we meielkoar. Wa’t byinoar komt sjocht dat we eins deselde útdagingen hawwe foar de takomst. Wat dyn eftergrûn ek is.

Ambassadeur

Bisto sa grutsk as in hûn mei sân sturten as it giet om dyn stêd en provinsje? Sjoch dan gau hoe’st ús helpe kinst as ambassadeur en meld dy oan.

Inisjatyfnimmer

Do stapst om mei in fantastysk mienskipsplan of hast in talint dat de hiele wrâld sjen moatte soe? Kom dan yn aksje. 

Studint of skoalbern

Do bist in studint en sikest help by dyn minor of ôfstudearstaazje, of do bist skoalbern en wolst mei dyn klasse meidwaan oan Ljouwert-Fryslân 2018? 

Sponsor

Do bist in ûndernimmer en wolst sichtberens foar dyn bedriuw. Wêrom dan net meilifte mei Club2018, de spin-off fan Ljouwert-Fryslân 2018?

Ferslachjouwer

Do bist sa nijsgjrrich dat it hast ferfelend wurdt, fielst presiis oan wat minsken ynteressearret en hast in flotte pin of in skerp each. 

Frijwilliger

Kulturele Haadstêd binne we meielkoar en do bist tige nedich om der in sukses fan te meitsjen. 

Kreëarje dyn eigen rol

Volg ons

Facebook

Twitter

Nijsbrief

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators