Do bist in studint en sikest help by dyn minor of ôfstudearstaazje, of do bist skoalbern en wolst mei dyn klasse meidwaan oan Ljouwert-Fryslân 2018? Dat treft, want wy binne op syk nei dy.

STUDINT

We biede dy kennis en stipe troch dy yn kontakt te bringen mei Knowledge2018. Ek ûndernimmers, produsinten of professionals dy’t it mbû- of hbû-ûnderwiis belûke wolle, kinne kontakt opnimme mei Knowledge2018. Lit witte wêr’st help by nedich hast troch kontakt op te nimmen mei Bram Kruijt of Jeffrey Meijer.

Mear oer Knowledge2018

Skoalbern

Ek basisskoallen kinne meidwaan mei Ljouwert-Fryslân 2018. Oft it no giet om in konkreet idee foar in publyksevenemint of om in projekt op skoalle, we helpe jim graach op wei. Us partners Kunstkade en Keunstwurk steane te springen om mei dy mei te tinken.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators