10.000 euro en optreden op Explore the North 2018

LJOUWERT – Bisto of kensto in Fryske makker yn de popkultuer? Dan hawwe we lichtwol wat ynteressants foar dy of (ien fan) dyn freonen! De Popfabryk en Explore the North roppe Fryske makkers yn de popkultuer op om harren ideeën en projektplannen foar 1 oktober 2017 yn te tsjinjen. Ut de yntsjinne ideeën en plannen wurde maksimaal acht konsepten selektearre. It bêste plan wurdt beleanne mei in (start)budzjet fan 10.000 euro.

De selektearre makkers meie harren plan pitche op woansdei 22 novimber 2017 - yn de wike fan Explore the North 2017. In panel giet dy dei yn petear mei de makkers en selektearret hjirút guon ideeën dy’t tegearre mei de makkers fierder ûndersocht wurde op realisearberheid. De ideeën en plannen moatte in foarstellig of projekt omfetsje dat presintearre wurde kin oan in publyk.

It meast helbere idee wurdt tegearre mei De Popfabryk produsearre en troch Explore the North programmearre foar de edysje fan 2018. De Popfabryk en Explore the North hawwe foar de produksje 10.000 euro reservearre.

Hoe kinst dy oanmelde?

Makkers kinne harren ideeën en plannen oant 1 oktober 2017 maile nei info@popfabryk.nl. De ideeën en plannen omfetsje yn elts gefal in heldere omskriuwing fan it artistike konsept, in globale begrutting en planning.

Meindert Talma selektearre yn 2016

Dit jier presintearret Meindert Talma de premjêre fan syn foarstelling ‘Je denkt dat het komt, maar het komt nooit’ op Explore the North. It plan fan Meindert Talma foar de foarstelling is ferline jier tidens de pitch selektearre en mei stipe fan de Popfabryk en Explore the North realisearre.

Oer De Popfabryk en Explore the North

De Popfabryk en Explore the North slagge de kommende jierren (2016-2019) de hannen ynien by it stimulearjen en realisearjen fan nije Frysk produksjes op it mêd fan de popkultuer. De Popfabryk is it Fryske produksjehûs foar popkultuer. Ferriking, ferdjipping en fernjijing fan de popkultuer binne hjirby wichtige útgongspunten, allyksa de ynteraksjes tusken popmuzyk en oare keunstdissiplines. www.popfabryk.nl.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators