Ga naar inhoud
MAP
fy

250.000 euro subsydzje foar Finestra Aperta

LJOUWERT - Teatergroep Blau Hynder hat in kwart miljoen subsydzje krigen foar de útfiering fan Finestra Aperta, ûnderdiel fan it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018. Hoewol’t de begrutting noch net folslein rûn is, stean neffens artistyk lieder Anne Zwaga alle ljochten op grien om it spektakelstik yn de simmer fan 2018 op te fieren.

Grutste bamboedome fan Europa

Finestra Aperta is in foarstelling wêryn’t muzyk- en sirkusteater elkoar moetsje. Dit bart op de histoaryske kleasterheuvel yn Smelle Ie, yn it hert fan Fryslân, yn de grutste koepel fan bamboe dy’t oait yn Europa boud is. Sintraal tema yn de foarstelling is de syktocht nei balâns. Anne Zwaga: “Fiif muzikanten en sân akrobaten geane foar oardel oere in spannend gearspul mei it publyk oan.”

Edukaasje, partisipaasje en duorsum ûndernimme

Blau Hynder, Skouboarch De Lawei en gearwurkingspartners ûntwikkelen Finestra Aperta spesjaal foar Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. De wichtichste lanlike kultuerfûnsen koenen harren yn it artistike konsept fine. Zwaga: “De miks fan muzyk-en sirkusteater yn in tydlike bamboedome is al hiel fernijend, dêrneist hawwe we bûten de foarstelling each foar edukaasje, partisipaasje, duorsum ûndernimmerskip en byldzjende keunst. Bamboe spilet hjiryn in wichtige rol.”

Kaartferkeap fan start

Hoewol’t de begrutting noch net hielendal slútend is, is de kaartferkeap op 27 maaie lêstlyn by Skouboarch De Lawei útein set. Zwaga: “We hawwe der alle fertrouwen yn dat we de begrutting mei-elkoar rûn krije sille. Sjoen de belangstelling foar dit projekt wolle we de minsken no al de gelegenheid jaan om in kaartsje te reservearjen.”

De premjêre foar Finestra Aperta stiet plend foar sneon 2 juny 2018. De foarstelling wurdt yn dy moanne 24 kear opfierd: de bamboedome yn Smelle Ie hat plak foar goed 350 besikers. Reservearje kin alfêst fia de webside fan De Lawei of troch hjir te klikken.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens